It Fryske Gea stelt boek Jeroen Wiersma oer Alde Feanen fergees beskikber
Resint ferskynd

Fan It Fryske Gea
De Alde Feanen is in grut natoergebiet yn ‘e midden fan Fryslân. Der is in soad wetter en dat is sûnt 1700 stikje by bytsje ûntstien troch de turfwinning. Dêrfoar wie it foaral sompe en noch langer lyn wie it toendra en bosk.
Yn it boek Lanschapsbiografie De Alde Feanen beskriuwt ûndersiker Jeroen Wiersma fan de Ryksuniversiteit Grins stapke foar stapke hoe’t it gebiet him ûntwikkele hat. Hy besprekt feroarings yn it lânskip, mar ek yn de kultuer fan de bewenners. It boek is yllustrearre mei gâns foto’s en kaarten.
It Fryske Gea stelt Wiersma syn boek fergees beskikber as pdf-dokumint. It is te finen op it webstee fan It Fryske Gea fia dizze link.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje