It Fjirde Wurd: Op snein is de slaaf kening!

augustus 1, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Op 5 maaie fiere wy de befrijing fan de Dútske besetting. Dy’t de oarloch meimakke ha, witte hoe geweldich it is om frij te wêzen.
Sa fiere wy elke snein de frijheid dy’t God ús gunt. De snein is alfêst de himel op ierde. In ‘teken’ fan hoe’t it libben bedoeld is.
Op snein is de slaaf kening en nimmen dy’t him stjoert of kommandearret. Neffens de Joadske skriuwer Kushner bringt de sabbat ús de keninklike weardichheid fan alle minsken yn ’t sin; it opheffen fan it ûnderskied tusken hear en feint, ryk en earm, sukses en mislearring.

Rêst is needsaak. Sân dagen wurkje, dat soe ‘Egypte’ wêze, dan soene wy slaven fan it wurk wêze, dan wurkje wy oant wy derby delfalle. De âldste teksten yn ’e Bibel wize op ’e needsaak fan rêst foar minske en dier dy’t bealige ha. “Seis dagen moatst dyn wurk dwaan, mar de sânde dei moatst rêste. Dan kinne ek dyn okse en ezel útrêste en de soan fan dyn slavinne en de gastarbeider op azem komme.” (Exodus 23:12).

Us mienskip, mei safolle wurgens, oerspanning, stress en burn-out soe baat ha by in echte rêstdei. Om’t frijheid hieltiten opnij bedrige wurdt, is besinning nedich. Wa libbet yn ûnfrijheid? Yn it grut moatte de Feriene Naasjes op har iepenst wêze, mar yn it lyts kinne wysels wat dwaan, lykas brieven skriuwe foar Amnesty International.
It is sa fertrietlik dat in soad minsken noch in hekel oan ’e snein ha om’t se yn har jonge jierren twongen binne om twa kear nei tsjerke ta en om’t se fan alles neat mochten. It is sa oars bedoeld.
In slagge snein bestiet út trije eleminten: de frijheid fiere, ta rêst komme en jin besinne.
Jezus sei: De snein is foar de minsken! En net oarsom.

Lêze: Matteüs 12:1-8

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

 

 

augustus 1, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.