It Fiifde Wurd: Noed en soarch foar de âldste generaasje

augustus 8, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Fan myn tolfde ôf moast ik faak mei te melken. Us heit sei dan: “Doede, even mei te melken!” Ik sei dan ek wolris: “Nee, ik ha gjin sin.” Mei in earnstich gesicht sei ús heit dan: “Eert uw vader en uw moeder!” Sa twong er hearrigens ôf mei in ferkeard berop op it Fiifde Wurd.
Folle slimmer is it as in heit in dochter twingt ta ynsest mei in berop op dit wurd!
Yn Dútslân seagen de lju, ûnder ynfloed fan Luther, alle autoriteit yn it ferlingde fan heit en mem. Dêrom wie it foar Dútsers net maklik om tsjin Hitler te wêzen. Dat wie al wer in ferkeard brûken fan it Fiifde Wurd.

Yn âld-Israel bestie in húshâlding út trije generaasjes, en foar de middelste is dit advys bedoeld. Se meie de âlder wurdende heit en mem net sitte litte. Se moatte se iten, drinken en klean jaan en nei harren omsjen. Sels de begraffenis, de lêste eare, falt dêrûnder.
Wa’t de âldste generaasje soarch ûnthâldt, makket dat se ‘yn Egypte’ reitsje.
Fan de middelste generaasje yn ús tiid wurdt sein dat dy fan oprêden hâldt: de jongste generaasje nei de kresj en de âldste nei in tehûs.
De polityk, de mienskip, de neisten as mantelsoargers wurde troch God oanpoend om it libben foar de âldste generaasje te meitsjen as beloofd lân, lân fan molke en hunich. Yn dat lân is iten en drinken, leafde en respekt.

Lêze: Spreuken 19:26, 28:24 en 30:17

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

 

augustus 8, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.