It achtste wurd: Nim it tige nau mei mines en dines
Resint ferskynd
Oertinking
Yn 1966 wie ik by ús earste eigen hûs in tegelpaad oan it lizzen. Ik kaam ien kroadfol sân te koart. Fyftich meter fierderop wiene se mei nije huzen oan it bouwen. Dêr lei in bulte sân. Ik frege myn buorman: “Sil ik dêr in kroadfol weihelje?” De âlde, wize man sei gjin nee en ek net: wel ja jonge. Hy sei: “It is mar krekt hoe nau oft jo it nimme mei mines en dines.” Dat sizzen is my altyd bybleaun.
Alle dagen lêze wy yn ’e krante oer ynbraak yn wenningen, winkeldieverij, en oerfallen op banken en benzinestasjons. Op strjitte wurde taskes rôve, op fakânsjes jild of sieraden út tinte of karavan.
En hoefolle fytsen wurde der net stellen. Ien fan ús bern is al trije kwyt!
De kompjûter wie der noch net of wy hearden fan ynbrekken yn de kompjûter.
By hieltyd mear foardoarren lês ik: Dit hûs is befeilige…
Yn aloan mear auto’s wurdt in alarm-befeiliging oanbrocht.
Yn de Tsien Wurden stiet: Do meist net stelle!
Dy wurden binne eins de bêste befeiliging dy’t der is.
Al ús maatregels – mear plysje, swierdere straffen, mear sellen – steane oan ’e ein fan ’e rit. It advys fan God oan it begjin!
Is it net fan grut belang dat minsken fan bern ôf oan leare om it tige krekt te nimmen mei mines en dines? It advys is sa breed dat alle foarmen fan stellen dêrûnder falle.
Lêze: Jesaja 5:8
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje