Sikke Neurich: Wapens del en hannen omheech en út ’e mouwen

augustus 14, 2021 07:00

Kollum

By de algemien bekende útspraak “Tiden feroarje” haw ik mysels withoefaak opskodde om dy feroaringen skerp op it netflues te krijen en der net al te soargeleas mei om te gean. Meastal slagget my dat wol aardich. Mar de lêste tiid is der in feroaring dêr’t de ferwurking my tige swier fan falt.

Hast alle dagen berikt ús wol in berjocht oer in fjochtpartij en yn in protte gefallen falle der slachtoffers, swier ferwûne of deadlik troffen. En as dat dan yn bepaalde, kriminele sirkwys bart, so what, mar de wapens, lykas messen en sjitark, wurde hieltiten faker ynset troch jonge yndividuën, dy’t in skeel mei oare partijen en tsjinstanners fereffenje mei it lossen fan in skot of in stek mei in mes. Fjirtjin, fyftjin jier of in bytsje âlder binne de leeftiden dy’t achter de dieder(s) en slachtoffer(s) steane.

No wol ik graach mei de beide poaten fan 73 jier yn de Fryske klaai fan 2021 stean bliuwe, mar doe’t ik fyftin jier wie waard in mes allinne brûkt om in woartel of in koalraap te strûpen. Dy’t wol temûk út de rispinge fan de iene of de oare boer helle waard. Nee, geweld yn dy jierren bestie yn haadsaak út skellen, stroffelje litten en in fjochtpartij fan man tsjin man om jins gelyk te heljen. En yn it doarp dêr’t ik opgroeid bin stiene we as tsjerkeminsken en ‘iepenbieren’ wol gauris foarinoar oer. Mar dat bleau by rachen en skellen. En sneontemiddeis stiene we mei-inoar yn itselde âlvetal te fuotbaljen. Gjin probleem. Mar grouwélich huffe en slaan en slach- en stekwapens? O nee! 

No is it my der net om begûn om ús jongfolk yn it hokje mei geweld del te setten. Op de telefyzje en op de sosjale media komme ek bylden foarby fan folwoeksen figueren, dy’t obsternaat de middelfinger opstekke en der skunnich praat út spuie. En rasistysk en fassistysk gerop jout my in protten argewaasje. Mar, ik wol my net yn in djippe kûle fan ûnfrede en grimmitigens weisakje litte. Ik wol my tenei fierder as boarger yn dizze dochs noflike en fleurige mienskip ynsette om it foar elkenien, âld en jong, Fries, Hollanner en it kleurich paniel oan oare kultueren, leefber te meitsjen en te hâlden. Dogge jimme mei, memmen en heiten, beppen en paken, wyk-, doarps- en stêdbewenners? Ik kin net wachtsje!

augustus 14, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.