In takomst méí greidefûgels

augustus 14, 2021 07:11

Fan It Fryske Gea

It tal greidefûgels nimt dramatysk ôf. Dat komt mei trochdat der hieltyd minder plak foar harren is om te brieden en de jongen grut te bringen. Yn natuergebieten fiele se har wol thús, mar dêr binne der net genôch fan om de greidefûgels yn ús Fryske lânskip behâlde te kinnen. Wy sjogge dat yn de gebieten fan It Fryske Gea it tal briedpearen fan greidefûgels gelokkich wol omheech giet. Hoe kin dat?

Foto © It Fryske Gea

No’t it briedseizoen derop sit, kinne we de earste balâns opmeitsje. De earste resultaten sjogge der goed út. Johan de Boer, haad behear: “Wy rjochtsje ús gebieten sa goed mooglik foar greidefûgels yn, dit jier mei hiel goede resultaten. Dat dogge we op ferskillende manieren, yn goede gearwurking ek mei ús pachters. It fee dat yn ús gebieten rint, past op dy wize ek by ús greidefûgelbehear.” It tal suksesfolle briedsels jout in dúdlik sinjaal dat ús oanpak wurket. Dêrom wolle we it leefgebiet fan de greidefûgels útwreidzje troch de oankeap fan grûn. Mar dat kostet jild. Hoe’t dêrby holpen wurde kin is hjir te lêzen.

In goed leefgebiet foar greidefûgels bestiet út greiden dêr’t de fûgels feilich binne, dêr’t de piken goed opgroeie kinne en dêr’t fansels genôch iten te finen is. Yn ’e maitiid is it fan belang dat de greiden wiet binne; greidefûgels hâlde fan wiete poatjes. En dêr soarget It Fryske Gea foar! Hoe, dat is te lêzen yn Natte pootjes foar de greidefûgels.

Oer hoe’t it mei de greidefûgels yn natuergebieten sit, giet yn it petear mei Jan de Boer, ek op It Nijs, ‘Greidefûgels sjen yn it Noarderleech’.

augustus 14, 2021 07:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.