Ids Hellinga oer Hollanners: “Se komme, se skite en se ferdwine”

augustus 4, 2021 21:51
Ids Hellinga (foto: Omrop Fryslân)

By de iepening fan de PC liet foarsitter Ids Hellinga der gjin misbegryp oer bestean dat er neat op hie mei de grutskalige huzebouplannen fan De Haach. Foar Hollanners dy’t de Fryske huzemerk opsykje om’t se yn ’e Rânestêd gjin hûs fine kinne, hie er gjin goed wurd oer. Hy sei: “Litte we ús boeren wer omearmje. Lit harren de slach om de romte winne en dêrmei de garânsje foar it behâld fan ús lânskip. Yn stee fan huzen te bouwen foar forinzen út de Rânestêd wei, dy’t hjir komme as seekobben. Se komme, se skite en se ferdwine.”

Kommissaris fan ’e kening, fan komôf sels in Hollanner, wie net misledige, mar hy woe net yngean op ’e ynhâld fan Hellinga syn taspraak. Hy sei oer Hellinga: “Hy hat altyd in besteklik ferhaal, en dat is goed. It is goed dat de polityk dêrnei heart. Mar de kommissaris is polityk neutraal.”

Wol sei Brok oer Hellinga syn taspraak: “It aksint fan de moarn wie: litte wy ús sterke lanbouposysje behâlde, ek yn de takomst. En dêr bin ik it folslein mei iens.”

augustus 4, 2021 21:51
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Doeke Kuipers augustus 7, 18:48

    Dizze iepeningstaspraak hie neat mei it keatsen fan dwaan…..!!

  2. Cor Jousma augustus 9, 11:36

    [Lit harren de slach om de romte winne en dêrmei de garânsje foar it behâld fan ús lânskip.]

    Hat de foarsitter it oer ús griene produksjegreiden?

  3. Klaas Aaldert van der Veen augustus 9, 18:40

    Ik bin fan miening dat de hear Hellinga syn miening ek sizze mei, ek yn sa’n taspraak. Ek al hie it neat mei keatsen te krijen. Sport is de belangrykste bysaak, net in haadsaak. Wat natuurlik ek wol in reden west weze kint hat foar de hear Hellinga om syn taspraak dizze ynhald te jaan , is dat de PC it earste (of yn fan de earste)grutte evenemint(en) yn Fryslan is mei ek in soad publisiteit.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.