Hollân is Fryslân fierút de baas

augustus 14, 2021 20:37
Foto: Rian Baas, CC BY-SA 4.0

Hollân hat sneontemiddei de 55e Twakamp fierljeppen fan Fryslân wûn. De Hollanners sprongen yn it Súd-Hollânske Vlist yn totaal 398.90 meter. Dat wie 11.55 meter fierder as de Friezen.

Fan de lêste njoggen twakampen wûn Hollân no seis kear. Yn totaal komme se dêrmei op sechtjin oerwinningen. Hollân sprong yn alle klassen fierder as Fryslân. De Fryske junioaren diene it relatyf it bêst. Sy sprongen ‘mar’ 22 sintimeter minder fier as de Hollanners.

Dat Fryslân yn gjin ien klasse de bêste wie, neamde analist Hendrik Murk Haanstra in ‘histoarysk djiptepunt’ foar it Fryske fierljeppen. Thomas van Midden sette mei 20.78 meter de fierste sprong fan de dei del. Demi Groothedde sprong by de froulju mei 15.14 meter it fierst. Sytse Bokma wie de bêste Fries en sprong 20.54 meter. Dat is mar 22 sintimeter ûnder syn persoanlik rekôr.

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 14, 2021 20:37
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - augustus 14, 21:25

    Springe? Ljeppe is hjir it wurd.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.