Himmelaksje Skjin Wetter
Resint ferskynd
Yn seis Fryske gemeenten wurdt fan 2 o/m 9 oktober 2021 de aksje Sjin Wetter holden. Dat is in grutte himmelaksje dy’t al foar de fiifde kear holden wurdt. Hûnderten frijwilligers romje dêr dan – koroanafeilich – op en by it wetter it swalkôffal. Ferline jier diene der dûkers, kanoërs, sportfiskers, suppers, seeferkenners en in protte oaren mei. Alle ynwenners en ferieningen kinne meidwaan en sels útmeitsje wannear en wêr.

Foto © Gemeente Noardeast-Fryslân
Alle jierren wer bedarje miljoenen tonnen oan plestikôffal yn it oerflaktewetter en de see. Dy smoargens komt foar in part fan wat der op ’e dyk weigoaid wurdt. In soad dêrfan giet nei de see en soarget derfoar dat dêr hieltyd mear plestiksop komt. Dat is in grut, globaal probleem. Plestik falt op it lêst útinoar yn mikroplestiks. As dy yn fisken telâne komme wurde se opnommen yn it wrâldwide itensstring. In protte seedieren wurde der siik fan en stjerre. Troch de eigen libbensromte skjin te hâlden kin soks tefoaren kommen wurde.
Skjin Wetter 2021
Skjin Wetter is in inisjatyf fan de Fryske Miljeufederaasje, Wetterskip Fryslân en de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Smellingerlând, De Fryske Marren, Harns en Waadhoeke. Meer informatie: www.samenfryslanschoon.frl.
Om yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel mei te dwaan kinne frijwilligers har oanmelde by Johan Wijbenga: j.wijbenga@dantumadiel.frl of 06-55137336. Foar Smellingerlân, De Fryske Marren, Harns en Waadhoeke kin dat by Lemke Statema: l.statema@fmf.frl of 06-24749556.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje