‘Het Uur van de Wolf’ oer Frank Zappa

augustus 11, 2021 08:43

Jierrenlang like it ûnmooglik om it rike privee-argyf fan keunstner Frank Zappa te ûntsluten. Mar no is it dan dochs safier. Regisseur Alex Winter hat de pearels út it libben fan de kleurrike Amerikaanske muzikant en komponist ferwurke yn de prikeljende dokumintêre Zappa, dy’t woansdei 18 augustus te sjen is yn Het Uur van de Wolf op NPO2.

Frank Zappa (foto: Cal Schenkel)

Frank Zappa, dy’t yn 1993 oan kanker ferstoar, is altyd in ûngrypber sjeny bleaun. De oarsprong leit yn syn non-konformisme en net te bedimjen nocht om te ymprovisearjen; lykopgeand mei tige oansteklike humor en driuw ta fernijing. Yn tritich jier boude er in unyk oeuvre fan sechtich albums op; soms tige tagonklik, op oare mominten bysûnder eksperiminteel.

Alex Winter lit in protte fasetten fan it eksintrike sjeny oan bod komme. De sjoggers krije ynsjoch yn syn ûngewoane jeugd as soan fan in yngenieur dy’t holp by it produsearjen fan gifgas, nimme kennis fan syn botsingen mei de autoriteiten, fiele syn belutsenheid by de striid tsjin de tsjustere kant fan de maatskippij en kinne laitsje om syn satiryske blik op ’e Amerikaanske maatskippij.

Yn de serieuze oanpak fan Alex Winter wurde ferskate stege geroften oer Frank Zappa ûnderút helle. Hy wie gjin leafhawwer fan drugs, gjin gekke hippy en hy wie tige serieus yn syn opfettingen oer en ambysjes mei moderne klassike muzyk. Wat better doocht is syn reputaasje fan banneleazens yn relaasje ta froulju en it libjen yn ’e húshâlding. Der is wiidweidich omtinken foar syn relaasje mei âld-presidint Václav Havel, dy’t him ta kultureel gesant fan Tsjechoslowakije makke. Yn de dokumintêre wikselje it persoanlik libben en de muzikale neilittenskip inoar ôf.

Regisseur: Alex Winter
Produsint: Zipper Brothers en Trouper Productions

Utstjoering: Woansdei 18 augustus om 22.55 oere by de NTR op NPO2

Webside: hetuurvandewolf.nl

augustus 11, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.