Henk de Jong fannijs bêste fuotbaltrainer fan Nederlân
Resint ferskynd
Cambuurtrainer Henk de Jong is ferkeazen ta bêste trainer fan de earste divyzje fan it ôfrûne seizoen. Hy krige moandei de prestizjeuze Rinus Michels Award út hannen fan Foppe de Haan.
De Jong pakte ôfrûne seizoen de titel yn de earste difyzje mei Cambuur. Mei de Ljouwerters stie De Jong hast twa jier lang boppe-oan yn de earste difyzje.
De oare twa nominearren wiene Rogier Meijer (NEC) en Kees van Wonderen, dy’t mei Go Ahead Eagles ek promovearre is nei de earedifyzje.
Yn 2009 wûn Henk de Jong de Rinus Michels Award al foar bêste amateurtrainer. Hy wie doe aktyf by Harkemase Boys, dat dat jier de dûbel pakte: kampioen fan de Haadklasse C (doe it heechste amateurnivo) en de distriktsbeker.
Trije jier lyn wie De Jong, doe as trainer fan De Graafschap, ek nominearre foar de Rinus Michels Award. Doe gong de priis nei Michael Reiziger fan Jong Ajax.
Yn de earedifyzje hat Ajax-trainer Erik ten Hag dit jier de award krigen. Dick Advocaat krige de oeuvrepriis foar syn folsleine karriêre.
Earder dit jier waard De Jong troch de Keuken Kampioen Divisie al keazen ta bêste trainer fan it seizoen.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje