Hakke en plakke

augustus 17, 2021 07:00

Kollum

Wa wit net wat hakke1 en plakke is. It soe kinne dat der noch âldere minsken binne dy’t it lêzen ornaris yn it Hollânsk staverjend of fia de klankmetoade leard ha. Staverjend lêzen dat gie sa: aa-pee foar ‘aap’, en-oo-tee foar ‘noot’. Hawar, dat is wol hiel lang lyn. Ik kin my better beheine ta de klankmetoade, dy’t sûnt 1800 hieltyd faker brûkt waard. Dat gie sa: aa-p-‘aap’nn-oo-t-‘noot’mm-ie-ss-‘mies’. Dêr kaam it lêsplankje by om it wurdbyld te stypjen. As we it oer it lêsplankje ha, tinke we fansels daliks oan Hoogeveen mei syn ‘aap-noot-mies’. Der binne noch altyd minsken dy’t de wurden fan it lêsplankje samar opsizze kinne. Dat is knap.

It hoecht ús net te fernuverjen dat der ek Fryske lêsplankjes west ha. As we it dêroer ha, moatte we de namme fan Wike Zijlstra neame, dy’t koart nei de oarloch har eigen taalmetoade mei lêsrak (dou-beam-apels) yn De Rottefalle brûkte. Dat wie de earste skoalle. Letter kamen der folle mear. Der kamen ek mear ferskillende lêsplankjes. Dy binne lykwols fan letter tiid, fan om 1970 hinne. Ik tink oan de lêsmetoade Stap foar stap. Op it lêsplankje steane dan de wurden: jaap-lys-mem. Wy ha dus in grut ferskaat oan metoaden en lêsplankjes hân mei allegearre deselde bedoeling: troch it opneamen fan letters en klanken wurden foarmje.

Lêsrak Wike Zijlstra
Foto © Smelnes Erfskip

Dat feroare om 1960 hinne. Doe kaam der mear omtinken foar beide, letter en klank. Dat waard de struktuermetoade neamd. Letters waarden fan alle kanten besjoen en útsprutsen sa’t we se sizze. Sa waarden wurden foarme. It lêsplankje fan doe begûn mei: boom-roos-vis. It seit himsels dat dy metoade troch de jierren hinne ek feroare.

It is nijsgjirrich om te sjen hoe’t sûnt fan letters en klanken wurden makke waarden. De letters waarden beneamd mei de goede klank en de goede klanken kamen efterinoar oan te stean: b-oo-m = ‘boom’. Dat wat mei letters dien wurdt, kin ek mei wurdlidden en wurden dien wurde, mar dan bin ik fansels alwer in stapke fierder. In foarbyld: boek: boe-ken, kast: kas-ten. Dat liket maklik, mar dat is it net. Dat wurdt al dúdlik by it wurdsje: stien: stien-nen. Hawar hakke en plakke is moai wurk. As we it goed dogge, kinne we der aardich fierder mei komme. Mar wat langer en yngewikkelder de wurden wurde, wat grutter de swierrichheden. Dan doel ik net allinne op it hakken en plakken, mar ek op it goed opskriuwen fan dy wurden.

Ik neamde de brekking al efkes, mar tink ek oan keppeltekens en dieltekens. En is it wol ien wurd of binne it dochs twa? Wat mear we ús mei taal dwaande hâlde, wat mear we de dingen goed dogge. Ut korreksjewurk, dêr’t ik my noch wolris mei dwaande hâld, docht hieltyd opnij bliken dat it in lestich ûnderwerp is en bliuwt.

Mar wat langer en yngewikkelder de wurden wurde,
wat grutter de swierrichheden.

Ik begûn mei de opmerkingen dat we útfine moatte oft it ien wurd is of dat it der twa binne. Dat is net altyd te hearren. In pear foarbylden: ‘populêrwittenskiplik’ en ‘privaatrjochtlik’ skriuwe we beide kearen as ien wurd, mar ‘rjochts-ekstremist’ en ‘swart-wytfoto’ krije beide keppelstreekjes. We skriuwe twaeninheal sûnder en beäntwurdzje mei in dielteken. Wat dat oanbelanget is it moai dat we Taalweb.frl fan de Fryske Akademy ha. Dêr komme dy foarbylden wei en dat jout de regels oer it hoe’t it moat ek.

Dêr is noch in oare mooglikheid om fan twa wurden ien te meitsjen. Dat kin mei streekjes en dieltekens, mar it kin yn guon gefallen ek mei tuskenletters en dan bedoel ik de: ‘e’, ‘s’, ‘ers’, ‘n’ en de ’w’ as ferbiningsletters lykas yn heitelân en dogeneat, daksgoate en jongesboek, itensiedersboek en fjochtersbaas, sûpenbrij en fuottenein.

De ‘w’ as oergongslûdteken komt foar by wurden dy’t einigje op ‘au’, ‘ou’, en ‘eau’. Dus blauwich en grauwerich, bouwer en rouwich, leauwich en greauwen, kowedong en bisteboel. Dat dogge we wer net by blau-eftich en oare wurden mei ‘eftich’ as efterheaksel. Dy krije in streekje. Dat binne wol sa’n bytsje de haadsaken.

Der falt wol mear oer te sizzen, mar wat dat oanbelanget moatte jimme echt ris op de al earder neamde webside Taalweb.frl sjen. Dêr stiet alles moai oersichtlik byinoar. Dat is moai, mar it bliuwt likegoed in yngewikkeld en lestich te ûnthâlden ferhaal. Wa’t al dy regels en útsûnderingen net ûnthâlde kin of wol, kin fansels ek de staveringshifker fan de Fryske Akademy brûke. Mear ynformaasje dêroer stiet op deselde webside Taalweb.frl. Wa’t dat programma brûkt, kin aardich wat flaters tefoaren komme. It is wat my oanbelanget in oanrieder.

Ik wit net hoe’t it jimme giet, mar op sokke mominten tink ik wolris werom oan dat moai oersichtlike hakken en plakken. Hoewol, hakke en plakke slagget ek wol mei yngewikkelder wurden, mar it wurdt wol hieltyd lestiger om datsoarte fan wurden goed op te skriuwen.

1 Hoewol’t ‘hakke’ neffens de foarkarstavering ‘hakje’ wêze moatte soe, skriuw ik de útdrukking hjir sa’t dy yn it ûnderwiis in protte brûkt wurdt.
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 14 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
augustus 17, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.