Greidefûgels sjen yn it Noarderleech

augustus 14, 2021 07:07

Fan it Fryske Gea

Yn maaie en juny is it Noarderleech op syn moaist. Teminsten, dat fynt Gea-frijwilliger Jan de Boer. Reden genôch om mei him yn dat unike kwelderareaal deropút te gean. As natuergids, oplieder en fûgeler hat er genôch te fertellen. Bygelyks dat it bûtendykse gebiet net allinne belangryk is foar briedende waad- en kustfûgels, mar ek foar greidefûgels.

“Fûgels gewaarwurde dochst mei de eagen en de earen.” Jan krûpt fuortdaliks yn syn rol as oplieder as er foar it Kweldersintrum oer de seedyk op kuieret. De fokus leit hjoed op greidefûgels, dy’t yn ’e maitiid op it Noarderleech by kloften te finen binne. Moai, want yn dit rêstige gebiet wurdt let meand en de jongen hawwe hjir dus in bettere kâns om te oerlibjen. “Fan de tradisjonele greidefûgels dogge benammen de ljip, de tjirk en de strânljip it hjir goed,” fertelt Jan. “De skries wat minder. Dat hat nei alle gedachten mei de biotoop te meitsjen. Hast hjir swiere klaai; sawol it oerstreamen as it útdrûgjen komme foar.”

“De iene pipet en de oare sjongt”

Alle jierren telt Jan de briedfûgels mei syn âlde ‘aaisikersmaten’, in ploechje fan fiif man út Wergea. “Wy kenne inoar al mear as fyftich jier. In skoft lyn binne we fan aaisykjen op briedfûgeltellen oerstapt, fan kop omleech nei kop omheech, sis ik ek wol.” Njonken de ‘grutte fjouwer’ briede hjir ek lytse greidefûgels lykas de ljurk en de piipljurk. Jan wiist in pear ljurken oan. “Sjochst se op- en delfladderjen? Dat is territoriaal hâlden en dragen. Piipljurken en ljurken lykje opinoar, mar net wat it lûd oangiet; de iene pipet en de oare sjongt. De fûgels hawwe hjir in goede kâns om jongen grut te bringen. Fan dat se útkomme oant se fleane kinne, hawwe se sa’n seis wike nedich, gewoan lân is dan al lang meand.” Benammen de ljurk docht it goed yn it Noarderleech, kinst hjir hûnderten pearkes fine. Nettsjinsteande de sâlte grûn is der foar greidefûgels genôch iten te finen. De rêst en de romte – it gebiet telt wol 5000 hektare – lokje fûgels ek.

Oare wrâld

Jan de Boer op it Noarderleech. Foto © It Fryske Gea

Op de dyk bliuwt Jan efkes stean en dikeret er nei de wrâld dy’t derefter leit. “Dit gebiet hat in oare diminsje: de romte, de planten, de fûgels, de sâlte lucht, it is krekt as komst yn in oare wrâd.” Hoewol’t Jan opgroeid is yn Wergea en ek frijwilligerswurk yn de Alde Feanen en by de Himpensermar docht, hat it Noarderleech by him in spesjaal plakje yn it hert. “It liket keal en enoarm, mar ast de pealtjesrûte rinst, komst fan alles tsjin.” Kinst yn de tiid tebek gean by de âlde bunker of genietsje fan de kij, skiep of hynders dy’t hjir weidzje en út de natuerlike dobben drinke. Der is ek in spesjaal sjochskerm dat op de útwetteringsslinke efter gemaal De Heining útsjocht. “Mar it bysûnderst is wol de floara en de fauna. Eb en floed soargje foar in rike boaiem, goed foar plant en dier.”

It liket keal en enoarm, mar komst fan alles tsjin

Ut it neat fljocht in swaarm fûgels de loft yn, it jout in enoarm kabaal. “Machtich, net? Dat dogge se net om ’e nocht, se hawwe grif in rôver op it each.” Dan stoot der in hazze foarby. Jan: “Diskear is it in hazze, mar de minske kin soks ek feroarsaakje. Dêrom is it yn it briedseizoen net tastien om bûten de paden te rinnen.” Opfleane kostet fûgels in protte enerzjy, wylst se dêr krekt sa’n ferlet fan hawwe. Elk stapke in hapke…

“De briedperioade op it Noarderleech begjint sa’n trije wike letter as op it fêstelan, ynherint oan de temperatuer – in graad of trije kâlder – en de begroeiïng, dy’t letter op gong komt. Planten wurde yn de iere maitiid ek nochris koart holden troch tûzenen guozzen dy’t har folfrette foardat se nei it Hege Noarden geane. De ljippen briede as earste, krekt as de strânljippen fine se in keale flakte net slim; se meitsje harren nêst yn in kûltsje yn ’e grûn. Skriezen en tjirken ferstopje harren nêst yn gerspôltsjes en hawwe dus ferlet fan mear begroeiïng. Skriezen bliuwe faak oan de binnenkant fan de simmerdyk, wylst de oare fûgels ek oan de bûtenkant te finen binne.”

Drokte fan komsa

“Ho efkes, wat hear ik no?” It is al de seisde kear dat Jan it seit. Hy – in master as it om it thúsbringen fan fûgellûden giet – dikeret omheech en pakt de kiker. “In skiertjiling. Fjouwer mar leafst! Dy haw ik hjir noch net earder sjoen, bysûnder.” Oare fûgelsoarten dy’t Jan hjir tsjinkomt binne de kob, de bûnte wilster, it boumantsje, sawol it wite as it giele, en de klút. It territoarium fan de klút begjint efter de bunker. Op dat restant út de Twadde Wrâldoarloch kinst fan in fraai útsjoch genietsje. Op heldere dagen sjochst Skylge, it Amelân en Skiermûntseach en oan de eastkant sjochst de dobbe dêr’t de hynders fan Marrum yn ’e knipe sieten. Yn it briedseizoen komt dêr in drokte fan komsa by. Alarmearjende fûgellûden, aaien wurde beskerme of jongen grutbrocht. It jout by riten in helsk leven.

Jan hat gelyk, der is hjir genôch te belibjen.!

 

augustus 14, 2021 07:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.