Genoside yn West-Fryslân? (besprek Nij Frisia)

augustus 5, 2021 12:27

Binne de Friezen yn West-Fryslân it slachtoffer wurden fan it etnyske suvering? Yn it simmernûmer fan Nij Frisia wol Sytze T. Hiemstra ha fan al. Neist dy term brûkt Hiemstra ek de oantsjutting genoside foar de slach by Froanen yn 1297. Doe kamen tûzenen Friezen om dy’t yn opstân kaam wienen tsjin de Hollânske greve Jan I.

It is by myn witten in nije manier fan sjen, omdat etny en folk typysk begripen binne fan de Nije Tiid, fan naasjesteaten en romantyske ideeën oer histoaryske kontinuïteit troch generaasjes hinne. Om de machtspolityk fan de Hollânske greven yn sokke termen te beskriuwen, komt my yn earste opslach as in anagronisme oan, mar it is al nijsgjirrich om ris te sjen hoefier oft men komt as men it ferlies fan de Fryske frijheid westlik fan it Fly mei sa’n moderne bril op besjocht. Dêrby moat men al wach wêze dat polityk it net wint fan wittenskip: Hiemstra slút syn stik nammentlik ôf mei de opmerking ‘it liket my foar ús eigen Frysknasjonale skiednis fan grut belang dat sa’n grouwélich barren net yn it ferjittersboek rekket!’ Oft begryp fan ’e histoarje dêrmei net ûnderhearrich makke wurdt oan it ynstrumintalisearjen fan ’e skiednis foar in eigentiidsk polityk doel is in nijsgjirrige fraach, dêr’t histoarisy grif wat bestekliks oer te sizzen ha.

Nij Frisia is it ferieningsblêd fan de Jongfryske Mienskip en dat is op ’t heden ien fan ’e skerpste en striidberste bewegingsorganisaasjes. De Jongfriezen ha terjochte krityk op it belied fan de Nederlânske Ryksoerheid as it giet om it neikommen fan de ferplichtingen yn it Ramtferdach nasjonale minderheden. Yn in brief oan it ministearje fan binnenlânske saken skriuwt de organisaasje dat de Ryksoerheid de ûngelikensens tusken Frysk en Nederlânsk yn stân hâldt. Op trije punten út dat brief geane de Jongfriezen yn Nij Frisia djipper yn: dat der gjin profesjonele Frysktalige bopperegionale parse is, dat de Ryksoerheid mear liket te dwaan foar net-beskerme talen lykas Ingelsk en Poalsk as foar it Frysk, en dat de lessen Frysk op skoalle te min opsmite. In nijsgjirrich foarstel is dat alle basisskoallen ferplichte wurde om de lêsfeardichheid fan bern te toetsen. Sytze T. Hiemstra en Geart Tigchelaar, leararen Frysk fan twa ferskillende generaasjes, besprekke yn in oar stik elk op syn eigen manier it belang fan goed Frysk ûnderwiis.

Taalwittenskip kriget ek syn plakje yn Nij Frisia. Eric Hoekstra leit út hoe’t it Frysk en Ingelsk ferbûn binne troch mienskiplike klankferoaring dy’t palatalisaasje neamd wurdt. Dy hat derfoar soarge dat de âlde Germaanske k-klank yn in protte wurden feroare is yn in klank dy’t mear foaroan yn de mûle útsprutsen wurdt, wat Fryske wurden lykas tsiis en tsjerke opsmiten hat.

Hoekstra besprekt ek koart oanwizingen foar de ûntfolking fan Fryslân yn de fjirde ieu. In oare skiedkundige bydrage komt fan Frans Riemersma en Hans Faber, dy’t de Ingelsktalige website frisiacoasttrail.blog oer de skiednis fan “de súdlike Noardseekust” ûnderhâlde. Har boadskip is dat it skiednisûnderwiis yn Nederlân te min omtinken hat foar de ûntwikkelingen yn it kustgebiet.

Fierder skriuwt Aant Mulder yn Nij Frisia oer de skiednis fan it Tsjechysk en Piter Dykstra nimt it op foar Aant Jelle Soepboer, dy’t pleite hat foar in eigen Frysk ynboargeringstrajekt foar nijkommers.

Henk Wolf

augustus 5, 2021 12:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.