Fyfde partij WK Frysk damjen is winst foar Groenveld

augustus 16, 2021 08:35

Harns, 15 augustus 2021

Folkert Groenveld hat yn it fyfde spul fan ’e twakamp om it WK Frysk Damjen sjen litten dat er it noch kin. Hy wûn oertsjûgjend fan wrâldkampioen Marten Walinga. Dêrmei is de spanning yn ’e twastriid werom, al is de stân noch wol 4-1 yn Walinga syn foardiel. Yn it Fryske spul hawwe jo komselden kamp, dat Groenveld hat noch alle kânsen.

Foto: Stifting WFD

Lykas yn ’e tredde partij kaam Marten Walinga yn ’e iepening mei in gambyt, dizze loop op ’e tsiende set. Groenveld hie lykwols hieltiten justjes foardiel fan syn hout mear. Mar op ’e 20ste set joech Groenveld it hout ynienen werom, en dêrmei krige er in mindere stân. No kaam der in stân op it boerd dy’t min te berekkenjen wie, mar spektakulêr foar it publyk.

Beide spilers brûkten wakker tiid, en benammen Folkert Groenveld kaam dêrmei wat yn ’e knipe. Lykwols, Walinga joech syn foardiel wei, en de beide mannen wrotten wer fierder. Lang om let breide Groenveld in luzich setsje yn ’e stân dat Walinga, mei ek net folle tiid mear op ’e klok, net oankommen seach. Dat sa hie Folkert ynienen in wolf, en doe wie der gjin ferwin mear op foar Marten.

Moandei is der in dei lins, dy’t beide matsjedoaren skoan brûke kinne. De grafyk fan it programma Scan jout it ferrin fan ’e spektakulêre partij goed oan: tige hinne en wer!

Boarne: Stifting WFD

augustus 16, 2021 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.