Fryske film ‘Stjer’ fan 6 septimber ôf yn ’e bioskoop

augustus 11, 2021 08:57

De Fryske aksjekomeedzje Stjer sil op 6 septimber yn ’e Fryske bioskopen yn rûlaasje gean. De film is makke troch de band De Hûnekop yn gearwurking mei regisseur Janko Krist. Yn ’e film hat in searjemoardner it op Fryske artysten foarsjoen. Oan haadpersoan Emiel Stoffers de taak om de moardner te pakken en Fryslân te rêden.

Foto: Stjer Media

In kar oan artysten docht oan de film mei: Twarres, Iris Kroes, Johannes Rypma, Oele Plop, Wout Zijlstra, Teake van der Meer, Eric Ennema en in protte oaren sille harren opwachting meitsje. Foar Hûnekop-sjonger Emiel Stoffers is de film in dream dy’t útkomt: “Ik bin enoarm grutsk dat wy in echte bioskoopfilm makke hawwe. Ik hoopje dat de minsken yn Fryslan de film krekt sa geweldich fine as wy.”

Foto: Stjer Media

De premjêre sil yn Pathé yn Ljouwert wêze. Jan Paul Beverwijk fan Pathé is der bliid mei: “Ik ha de film al sjoen en ha ferskriklik lake, dus ik twivelje der net oan dat de film yn Fryslân in grutte hit wurdt.” Sander Hakbijl, eigner fan De Bios yn Drachten, dielt dat entûsjasme: “It is super dat der nei sa’n lange tiid wer in echte Fryske film yn ’e bioskopen ferskynt. It is in unike film, minsken sille it prachtich fine.”

Foto: Stjer Media

Regisseur Janko Krist (Hea!, Man Bijt Hond) seit: “Wy hawwe in jier lang tige hurd oan dizze film wurke en it is geweldich dat er aanst yn ’e bioskoop te sjen is en hiel Fryslân derhinne kin.”

Foto: Stjer Media

 

augustus 11, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.