Frysk StrjitFestival giet troch

augustus 31, 2021 08:18

It Frysk Strjitfestival giet dit jier echt troch, fan tongersdei 16 o/m snein 19 septimber. It programma is rûn en de kaartferkeap is sûnt juster online. De organisaasje hat in alternative foarm fûn dêr’t it publyk binnen de aktuele koroanamaatregels by genietsje kin fan strjitteater en livemuzyk yn de binnenstêd fan Ljouwert. Alles yn de bûtenlucht, mei beheinde kapasiteit, mar op in feilige en breed tagonklike manier: mei oardel meter ôfstân, fêste sitplakken en sûnder gebrûk fan de koroanatsjek-app.

Ofbylding: Frysk Strjitfestival

Programma folslein
Programmeurs Léonie Dijkema (strjitteater) en Titus van ’t Veer (muzyk) hawwe yn in spannende perioade in programma gearstald dat der wêze mei. Op tsien bysûndere lokaasjes yn it sintrum fan Ljouwert litte strjitteater- en sirkusartysten, dûnsers, muzikanten en bands it publyk aanst sjen wat se yn ’e hûs hawwe.

Trettjin ûnderskate strjitteaterartysten- en groepen telt de 40e edysje fan it Frysk StrjitFestival. Mei jongleur El Fedito (Spanje), it akrobatyske duo Amer Y& Àfrica (Spanje) en de sân sterke froulike artysten fan Ino Kollektiv (Frankryk) stean der sels trije renommearre, ynternasjonale acts op it programma. In oar bysûnder hichtepunt is de spektakulêre akrobatyske foarstelling PIT fan it Nederlânske selskip TENT en de urban dûnsfoarstelling Solitude fan Ruben Chi.

Foarstelling ‘PIT’ fan TENT (foto: ©Jean Philipse)

Boppe-oan de list mei livemuzyk pronkje dit jier ûnder oare de bekende nederbytband The Kik, de populêre YouTube-stjer Blanks en de Nij-Seelânske ienmansband Graeme James. Dêrneist wurdt it programma, mei 22 nammen, opmakke út lokaal talint, mar ek eksintrike en unike bands as Las Medicinas of Kwartet Niek Hilkman. Mei folk, rock, blues, hiphop, klezmer, indiepop, brass en mear is der foar elk wat. Op snein is der ek in kuierrûte mei in gids fan A Guide to Leeuwarden by trije ferrassende muzikale sjo’s lâns.

It Jakobinertsjerkhôf (mei omheind gersfjildsje neist de Grutte of Jakobinertsjerke) wurdt omtsjoene ta in gesellich festivalterras mei hoareka, livemuzyk en teaterfoarstellingen. Dêr kinne besikers fan freed o/m snein sûnder kaartsje of reservearring oanskowe salang’t der plak is. Itselde jildt foar de Haniastege mei livemuzyk op sneontejûn. Foar alle oare sjo’s en lokaasjes wurdt wurke mei fergeze kaartsjes, dy’t oant de dei fan in foarstelling online besteld wurde kinne. Alle lokaasjes binne ôfbeakene en hawwe in dúdlike yn- en útgong. Bygelyks de binnentún fan de Fryske Akademy en it Prinsessehof. Op it Aldehoustertsjerkhôf wurdt in ferrassende, natuerlike arena boud. It is mooglik om op de spyllokaasjes sels te freegjen oft der noch in sitplak beskikber is, mar fol is fol. Mei in kaartsje fersekerje besikers har (mits op tiid) fan in plak en hoege se op de lokaasje sels gjin persoanlike gegevens mear efter te litten.

Festivalynformaasje
Fanwege de oanpaste foarm fan it festival, wol de organisaasje it publyk foaral oantrúnje om foar in besite net allinnich it programma, mar ek de festival- en kaartynformaasje op de webside of yn de festival-app TimeSquare goed troch te lêzen. Mei’t der net mei de koroanatsjek-app foar tagong wurke wurdt, is it fan grut belang dat besikers har oan de aktuele basisregels fan it RIVM hâlde, de oardelmeterregel respektearje en net komme as se koroana skipe hawwe of sûnensklachten ûnderfine. Op it festival hingje ek posters mei dy basisregels, de koroanamaatregels op it festival en sûnenskontrôlefragen dy’t negatyf beäntwurde wurde moatte foar tagong.

Wa’t it fergeze festival mei in bydrage stypje wol, kin fan dit jier ôf Kompaan wurde. Donearje op lokaasje is ek mooglik. Alle ynformaasje is te finen op fries-straatfestival.nl.

It Frysk Strjitfestival is fan 16 o/m 19 septimber 2021. De projektorganisaasje wurket ûnder de flagge fan Stedsskouboarch De Harmonie.

augustus 31, 2021 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.