Frysk oan universiteit Flensburch kriget ekstra heechlearaar

augustus 21, 2021 13:06
Vello Pettai (foto: ECMI)

De Europa-Universität Flensburg hat yn de persoan fan perfester Nils Langer al in heechlearaar Frysk. Fierders wurkje der ferskate ûndersikers en dosinten foar de ôfdieling Frysk. No wurdt de ôfdieling útwreide mei in twadde heechlearaar: perfester Vello Pettai.

It giet om in bysûndere learstoel minderhedestúdzjes. Pettai bliuwt njonken syn wurk foar de universiteit direkteur fan ECMI, in ûndersyksorganisaasje yn Flensburch dy’t him dwaande hâldt mei minderheden. Pettai hat fyftjin jier heechlearaar politikology west oan de universiteit fan Tartu yn syn heitelân Estlân. Hy sil yn Flensburch twa fakken jaan op it mêd fan minderhedebelied. Hy praat seis talen, mar is it Frysk op it stuit noch net machtich.

Oan de Flensburger universiteit kin men Frysk studearje as diel fan de stúdzje Dútsk. In folsleine stúdzje Frysk (wêrûnder it Frysk dat yn it Nederlânske Fryslân praat wurdt) kin yn Dútslân allinnich yn Kiel folge wurde.

augustus 21, 2021 13:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.