Frouljusskurte fan ’e regel nei faksinaasje
Resint ferskynd
In protte froulju hawwe te witten dien dat hja floeie, oer tiid binne of op in oare wize in rommelige reade loop hawwe sûnt hja in koroanaprip hân hawwe. Dat hat Lareb, it Nederlânske sintrum foar bywurkings, buorkundich makke.
Oft de meldings te krijen hawwe mei de faksinaasje, is net dúdlik. Saakkundigen ornearje dat it net nuver is dat froulju efkes fan ‘t spul binne. It faksin hat ynfloed op ‘e hiele lea en de hormoanen hearre dêrby. Dy hormoanen stjoere ornaris de regels. By guons kin eangst foar koroana of foar de prip der ek ta liede dat it ûnderliif út it stel is.
Wol soe soks net te lang duorje moatte. Yn ‘e measte gefallen is dat neffens frouljusdokter Dorenda van Dijken ek sa. Almeast fervje de froulju ien of twa moanne nuver en dan wurdt de boel wer sa’t it wie.
It giet om grut tûzen meldings fan froulju dy’t op it stik fan ‘e buien fan ‘e lêch binne. Der binne yn Nederlân sa’n fiif miljoen froulju folslein en twa miljoen foar in part yninte.
Wól moai Frysk fokabulêr.
Ik ha in protte leard! Tige tank!