Freddie Scheltema – ‘It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen’
Resint ferskynd
Dizze wike ferskynt by útjouwerij Bornmeer It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen, in ferhalebondel skreaun troch Freddie Scheltema.
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan ‘De hûnen fan Barry Hay’ oant ‘De Hooliganbus’ en de absurdistyske gedichten ‘By de kofje-automaat’. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer.
Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Foar syn boekelist yn it fuortset ûnderwiis hie er graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen. Dêrom begûn er yn 2010 sels mei skriuwen.
Syn eardere boeken De Reüny en De Keet fan Annawâld (beide Fryske romans) waarden nominearre foar respektyflik de Douwe Tammingapriis en de Rink van der Veldepriis.
ISBN 978 90 5615 754 8 | paperback | 104 siden | € 12,50
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje