Frânsktalige postrinners besoargje post yn Flaanderen

augustus 6, 2021 21:32

Hoewol’t de wet it ferbiedt, stjoere de Belgyske posterijen Frânsktalige postrinners op paad yn Flaanderen. Der wie koartlyn in staking ûnder postpersoniel yn Flaanderen en der is krapte oan postrinners. Wurdfierster Veerle van Mierlo seit: “als er geen Nederlandstalige kandidaten gevonden worden, dan kunnen we ze moeilijk tevoorschijn toveren. Voor ons primeert de kwalitatieve dienstverlening. We willen dat onze klanten dagelijks hun kranten, pakjes en brieven krijgen.”

Dat de postrinners wurkje moatte yn gemeenten om Brussel hinne, leit ekstra gefoelich yn Flaanderen, omdat dy hurd ferfrânskje. Frânsktalige ynwenners dy’t gjin Nederlânsk leare wolle, krije sa hieltyd mear de yndruk dat de offisjeel Nederlânsktalige gemeenten twatalich binne.

It postbedriuw seit dat de postrinners wol in koarte kursus Nederlânsk folgje moatte foardat se de dyk op geane.

augustus 6, 2021 21:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.