Folkert Groenveld wint it tsiende spul

augustus 22, 2021 10:40

Harns, sneon 21 augustus 2021

Marten Walinga (foto: Stifting WFD)

Mei de oerwinning fan hjoed waard de stân justjes better te fernearen yn it Wrâldkampioenskip Frysk Damjen. De stân is no 7½-2½. Noch wichtiger is de manier dêr’t Groenveld it mei wûn. Hy liet sjen dat er it koe. Nei in minder sikuere streek fan Walinga op ’e 43ste set makke Groenveld de partij goed ôf. Hy liet syn tsjinstanner op ’e 48ste set hast noch ûntkomme, mar dy seach de mooglikheid sa gau net, en doe wûn Groenveld lykwols noch beret.
Nei it fjoerwurk fan juster fersinden de spilers har gâns minder faak. Walinga hie in sintrumstân en Groenveld hold de kanten beset. It waard in strategysk spul, en lange tiid waard it lykwicht net ferbrutsen. Moarn is it lêste spul fan ’e twakamp.

Sukses foar Ruslân en Sina by online toernoaien
Frysk damjen brekt troch by de jongste generaasje ynternasjonale tinksporters.

Finale FRYSK! Ilfat Karimov (Ruslân) – Jelle Wiersma (Wommels) 10.30 – 11.15 oere
Klassyk Frysk Damjen: ZhuoyuanDu (Sina) – Frederik Bos (Grins) 11.30 – 12.15 oere.

Njonken de WK-twakamp wiene der alle dagen online toernoaien, dy’t nije generaasjes spilers berikke. Hjoed wiene de heale finales fan dy online toernoaien. De winners fan ’e heale finalen spylje snein in finale. De beide spilers dy’t de finalen winne, krije in útnûging foar it earstfolgjende ynternasjonale toernoai yn Frjentsjer.

Jelle Wiersma pleatste him hjoed as nûmer 1 yn ’e heale finale, de Sinees Zhuoyuan Du út Sjanghai, 13 jier, waard twadde. Jelle Wiersma wûn it mar krekt. Hy hie 19 punten út 14 spullen, dus dat wie in winstpersintaazje fan mar 50%. ZhuoyuanDu hie 13 spullen spile mei 18 punten. Syn winstpersintaazje wie 62%. Michael Semianiuk út Minsk (Wyt-Ruslân), 21 jier, mei 17 út 13, waard tredde mei in winstpersintaazje fan 46%. De earste heale finale wie al wûn troch de Rus Ilfat Karimov. Ilfat komt út Tyumen en hy is 18 jier. Hy spilet noch mar twa jier FRYSK!. Jelle Wiersma en Ilfat Karimov spylje snein de finale.

Yn it Fryske spul op it folle boerd waard de 42-jierrige Frederik Bos út Grins wei de earste finalist. Hy hie yn ’e heale finale 12 punten út 7 spullen, mei in winstpersintaazje fan 86%. Yn ’e twadde heale finale hjoed wûn Zhuoyuan Du út Sjanghai. Hy mei it snein dus yn ’e finale opnimme tsjin Frederik Bos. Dat, wat him mei it FRYSK! net slagge, slagge him wol mei it klassike spul. Hy wûn de twadde heale finale mei in winstpersintaazje fan 89%: hy wûn acht spullen en ferlear mar ien.

De finalen binne te folgjen op ’e webside www.frisiandraughts.com (online toernoaien) of op it platfoarm www.lidraughts.org.
augustus 22, 2021 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.