Fertraging troch problemen mei romtereau Boeing

augustus 13, 2021 08:42

Boeing Starliner (ôfbylding: Wikipedia/NASA – publyk domein)

De problemen mei it nije ûnbemanne romtereau Starliner fan de Amerikaanske fleantúchbouwer Boeing binne noch net ferholpen en dêrtroch kin it faaks noch moannen duorje foar’t it reau lansearre wurde kin.

Begjin augustus waard de plende testlansearring nei romtestasjon ISS útsteld fanwege in technysk mankemint mei inkelde kleppen by de motors. Boeing lit witte dat njoggen fan de trettjin kleppen by de raketmotors goed wurkje, mar dat de problemen by de oare fjouwer kleppen noch net oplost binne.

Boeing hope ynearsten oan ’e ein fan it jier minsken nei it ISS bringe te kinnen. Konkurrint SpaceX hat al trije bemanningen nei it romtestasjon brocht. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA sil hjoed in parsekonferinsje oer de situaasje hâlde.

augustus 13, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.