Feie Fonyk: Heechgefoelige bern

augustus 26, 2021 12:00

Stel dat it derop liket dat jo bern jo gedachten lêze kin, of dat jo bern maklik skrikt, of klean hat dy’t jokje, de naden yn ‘e sokken fielt, alle frjemde luchtsjes rûkt, muoite hat om nei in spannende dei yn ’e sliep te fallen en earst altyd kontrolearret oft it feilich is.

Utj. Bruna. ISBN 940051235X

Dan kinne wy jo, neffens Elaine Aron, lokwinskje, want dan is der in goede kâns dat jo bern heechgefoelich is. De boarre fan ‘e buorman hat twa tellen yn ‘e bykeuken west, tsjin de doar pisse en jo fiifjierrige dochter fernimt it fuortendaliks. Ek dan kinne jo jo bern heechgefoelich neame.

Dat allegearre neffens Elaine Aron yn har boek Het hoog sensitieve kind. Help je kinderen op te groeien in een wereld die hen overweldigt. De auteur hat jierren ûnderfining as psychoterapeut. Dêr moete se in soad heechgefoelige minsken. Se skreau der in pear boeken oer. Bygelyks Hoog sensitieve personen in de liefde. Neffens de auteur leit it persintaazje bern dat heechgefoelich is tusken de 15 en de 20. Dat liket my om kommersjele redenen oan ’e foarsichtige kant…

Heechgefoelige minsken binne mei de jefte berne om in soad dingen yn harren omjouwing op te merken en om djip nei te tinken foardat se hannelje yn ferliking mei dyjingen dy’t minder fernimme en fluch en ympulsyf hannelje. Dêrom is der foar de âlden in list mei 23 fragen oer it wolwêzen fan harren bern. Mei tolve of mear positive antwurden is it raak, mar twa sterke skaaimerken kinne al folstean om fêst te stellen dat jo bern in HSP (Highly Sensitive Person) is. It is nijsgjirrich om te witten wat men op skoalle  mei dy wiisheid dwaan kin.

Aron hat tips foar âlden datoangeande. Nei’t de âlden mei de list bepaald hawwe dat harren bern in echt HSP is, soene se tsjin de direkteur sizze kinne: ”It stekt nau wêr’t myn bern komt te sitten. Ik soe graach witte by hokker dosint it komt om te sjen oft it past.” De skriuwster is derfan oertsjûge dat in skoaldirekteur dêr graach oan meiwurket, foaral nei har tweintich tips foar dosinten.

Nei it trochblêdzjen fan dit boek bin ik derfan oertsjûge dat ik net yn oarder bin. Sa haw ik in ûnferklearbere ôfgriis foar saakkundigen dy’t nije kwalen by bern ûntdekke. Ik haw in terapeut fan de kwaliteit fan Aron nedich. Miskien is it noch net te let.

 

augustus 26, 2021 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.