Feie Fonyk: Evangelist Dieleman oanpakt

augustus 19, 2021 22:45

 

Kollum

Men kin minsken net twinge ta in Covid-faksinaasje, mar lju of organisaasjes dy’t ûnsinnige of falske berjochten ferspriede, moatte op har tellen passe.

Koartlyn foel Eyeopener by ús op ‘e matte mei dêryn ‘The story of my life’ fan Jaap Dieleman. Hy fertelt hoe’t er 44 jier lyn by in gospelkonsert yn Zwolle troch Jezus ta ynkear kaam. Dat wie nei in libben fan easterske religy’s, yoga, okkultisme en drugs. Nei dy bekearing wie syn hert fol fan frede en leafde foar God en minsken. Moai fansels. Twa jier letter troude er mei Antje, hy lei syn skildersezel oan ’e kant en begûn oeral yn ’e wrâld it goede nijs oer Jezus te ferkundigjen. Syn organisaasje Abba Child Care helpt earme minsken yn Yndia. Oant safier it goede nijs.

No it minder goede nijs. Op side 20 en fierder giet it oer ‘De grote ontsnapping’ mei as kearn: “Als Gods bazuin zal klinken, zullen de levende gelovigen in een flits een onsterfelijk lichaam krijgen en opgenomen worden in de lucht.” Dieleman docht syn bêst om soks út te lizzen, mar dat slagget net, ek net mei in pear teksten út de Bibel.

Dat eintiidgefoel is net nij. Troch de iuwen hinne hawwe der minsken west dy’t ferhalen út de Bibel letterlik nimme en net yn ’e gaten hawwe dat it betochte ferhalen binne, troch minsken skreaun foar oare minsken. Somtiden mei de bêste bedoelingen, al is it noch sa ûnnoazel en ûnbegryplik. In oar foarbyld is Wat leert de Bijbel echt, in boekje dat útjûn is troch Jehova’s tsjûgen. It stiet fol mei bibelteksten en oanwizingen foar it goede libben, boppedat yllustrearre mei moaie plaatsjes fan yn en yn lokkige minsken.

Jo hoege net te striden tsjin sokke leauwigen. Diskusjes mei in oertsjûge leauwigen is weismiten tiid. Yn in fier ferline haw ik dat wolris dien en mei myn goede hert praat mei Jehova’s dy’t oan ’e doar kamen. Freek de Jonge kaam ris yn ien fan syn teaterfoarstellingen op mei sa’n tas dy’t Jehova’s by harren hawwe mei de Wachttoren en soksoarte materiaal. “Afgepakt van een Jehova getuige.” Aardige grap. Ik sjoch se net in soad mear hjir yn Hurdegaryp, mar se steane wol mei harren boekjeboel by de brêge fan it Grinzer museum. Ik freegje my ôf oft se ea wat kwytreitsje.

No it echt minder goede nijs. Dy Jaap Dieleman moat in slach mei de moalpûde hân hawwe, want op side 16 fan syn Eyeopener begjint er mei ‘De grote misleiding, een pandemie?’ oer de Covid-besmetting. Wa’t de faksinaasje nimt, nimt dêrmei it teken “van het beest”. It hat gjin doel om dat fierder út te lizzen, want it is folsleine ûnsin en ûnbegryplik healwiis praat. Hy ropt minsken dermei op om gjin faksinaasje te nimmen.

It gefolch is dat Dieleman syn organisaasje net mear gebrûk meitsje kin fan betelsysteem Mollie. Der binne ûndertusken mear organisaasjes dy’t troch banken útsletten wurde, omdat se as gefaarlik foar de mienskip beskôge wurde. Soks kin helpe. Wy hoege net de yllúzje te hawwen dat de eagen fan Dieleman en syn folgelingen dermei iepengeane.

 

augustus 19, 2021 22:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.