‘Fan binnenút’ fierder efter de doarren fan de GGZ

augustus 31, 2021 07:52

Wannear rinne minsken fêst yn harren rouproses? Hoe grut is de wanhoop as se deroer tinke om der sels in ein oan te meitsjen en wêrom bedarje safolle minsken mei in leech ferstanlike beheining yn de forinsyske psychiatry? Programmamakker Miranda Werkman sjocht yn de tredde searje fan it telefyzjeprogramma Fan binnenút fierder achter de doarren fan de GGZ. Yn de klinyk of thús fertelle kliïnten harren persoanlike ferhaal. 

Foto: Omrop Fryslân

Fan binnenút is te sjen op moandeis om 17.15 oere by Omrop Fryslân telefyzje (en de hiele jûn elk healoere yn de werhelling) en online op www.omropfryslan.nl/fanbinnen-ut). De earste útstjoering is op 6 septimber.

Yn de earste ôflevering fertelt Isabelle wêrom’t se in ein oan har libben meitsje woe. Se rekke lichaamlik slim siik, begûn nei te tinken oer har libben en fielde har ferskriklik iensum. Se hie al betocht hoe’t se ôfskied nimme soe fan har bern, om’t se echt tocht dat dy better ôf wêze soene sûnder har. Se hat op ’e tiid oan de bel lutsen en kin it no neifertelle, oan har eigen keukentafel. Psychiater Agnes de Groot kin net faak genôch sizze hoe belangryk oft it is om te praten. Doare te freegjen oan ien dêr’t men fan sjocht dat it net goed giet en oft dy persoan oan de dea tinkt.

Yn in oare ôflevering fertelt frou De Vries (net har echte namme) har ferhaal. Se hat LVB (licht verstandelijke beperking) en dat betsjut dat se op in folle leger nivo funksjonearret as har echte leeftiid. Nei in kear besocht te hawwen om der sels in ein oan te meitsjen, kaam se yn de forinsyske klinyk. Dêr leart se ûnder oare oars om te gean mei har emoasjes. Binnen de GGZ hâldt in spesjaal team him mei LVB-ers dwaande op de forinsyske psychiatry. Se ha in gruttere kâns op in psychiatryke sykte, binne ferslavingsgefoeliger en komme gauwer yn oanrekking mei plysje en justysje om’t se minder goed neitinke oer oarsaak en gefolch.

Foar programmamakker Miranda Werkman wie dat ien fan de eyeopeners. “Je begripe dan better wêrom’t minsken delikten begeane, sûnder it goed te karren fansels, mar der sit in hiel ferhaal achter. Ik ha de hele middei by frou De Vries op de bank sitten. It wie ek wol gesellich, mar o, wat hat se in soad meimakke. It is te ferskriklik om it allegear sjen te litten, mar in glimp fan har libben jout al in bytsje ynsjoch.”

Oare ôfleveringen gean ûnder mear oer komplekse rou, e-health en de Van Andelklinyk.

Podcast
By de telefyzjesearje heart ek in podcastrige (te finen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcast-app en op Spotify). Yn trije ôfleveringen praat Miranda Werkman fierder oer it tema selsdeading: mei psychiater Agnes de Groot, neibesteande Sytske Jorritsma en de ûnderfiningssaakkundige Jan Kuipers. Ien foar ien komme se oan it wurd om te fertellen oer de ympakt fan selsdeading.

GGZ
Foar GGZ Friesland biedt de searje de kâns om de minsklike kant fan it wurk binnen de GGZ te toanen, it biedt de sjogger in blik achter de skermen en lit sjen wat it belang fan goede geastlike sûnenssoarch is. Hieltyd mear minsken ha te krijen mei psychyske problemen en de soarch stiet ûnder druk. Mei hert foar de pasjinten en kliïnten wurkje we der mei elkoar oan better te wurden. De searje lit fan binnenút sjen hoe’t we dat mei elkoar dogge.

augustus 31, 2021 07:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.