‘Faksins yn Japan fersmoarge troch nullen’

augustus 31, 2021 08:36

De Japanske minister fan Folkssûnens Tamura hat ferklearre dat de frjemde substânsje dy’t koartlyn yn ferskate fleskes fan it Modernefaksin fûn waard, nei alle gedachten yn de floeistof kommen is doe’t de nulle yn it fleske stutsen waard.

Foto: pixabay.com

Mooglik is dat op in ferkearde manier bard en binne de faksins fersmoarge rekke troch it ôfbrekken fan stikjes rubber. De fersmoarge faksins hawwe foar ûnrêst yn Japan soarge. Yn totaal hat it lân no 2,6 miljoen Modernafaksins út it faksinaasjeprogramma helle. Der wurde ek twa stjergefallen ûndersocht nei faksinaasjes mei Moderna út partijen dy’t letter weromroppen waarden. It is noch net dúdlik oft de stjergefallen wat mei de fersmoarge faksins te krijen hawwe. Yn de súdlike provinsje Okinawa binne faksinaasjes mei Moderna tydlik stopset.

De problemen mei de faksins komme op in momint dat yn Japan in protte besmettingen meld wurde. Sikehuzen kinne de grutte tastream fan koroanapasjinten hast net oan. Sa’n 44 persint fan de Japanske befolking is folslein faksinearre.

augustus 31, 2021 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.