Eric Hoekstra: By Menno Simons syn Fûnemintboek yn ôfleveringen

augustus 29, 2021 09:55

Algemiene ynlieding

Eric en Menno (foto © Eric Hoekstra)

It Fûnemintboek is it bekendste boek fan Menno Simons (1496-1561), de iennichste tsjerkestifter dy’t Fryslân, en Nederlân, ryk is. Menno Simons heart thús yn it rychje fan Luther en Kalvyn, mar hy wurdt faak fergetten, krekt as de Switserske tsjerkeherfoarmer Zwingli. Menno Simons is mei in lyts kloftke oare persoanen opnommen yn De Kanon fan de Fryske Skiednis:

http://www.11en30.nu/de-kanon-finsters/menno-simons?language=frl.

https://en.wikipedia.org/wiki/Menno_Simons
https://fy.wikipedia.org/wiki/Minne_Simens
https://nl.wikipedia.org/wiki/Menno_Simons.

Fûnemintboek is de Fryske oersetting fan de koarte titel Fundamentboek dy’t almeast brûkt wurdt yn stee fan de folsleine titel It Fûnemint fan ’e Kristlike Lear. De earste printinge fan it boek ferskynde yn 1539. It boek is troch Menno Simons skreaun yn it Nederlânsk fan de 16e iuw en troch my oerset yn hjoeddeistich Frysk en yn it Nederlânsk. Foar de Fryske ferzje haw ik noch gjin útjouwer fûn.

De Nederlânske ferzje is fan septimber 2021 ôf foar € 35,- te bestellen op:  info@plain-living.nl (https://www.plain-living.nl/).

Fragminten fan de Fryske ferzje sille op It Nijs yn ôfleveringen publisearre wurde, foarsjoen fan in koarte ynlieding.

Yn de earste fiif ôfleveringen ferskynt in ynlieding dy’t ik mei Boaz Harmsen skreaun haw, mei as titel: Menno Simons as rjochtsinnich kristen. In programmatyske ynlieding. Dêrnei folgje acht parten mei fragminten út it Fûnemintboek sels en in ôfslutend part dêr’t ik yn tebek sjoch op myn redenen om it Fûnemintboek oer te setten.

Oersjoch

  1. Oer it Fûnemintboek
  2. It loslitten fan Menno Simons syn lear en de flok fan frijsinnichheid
  3. De Amish. De wiere erfgenamten fan Menno Simons
  4. De earste kristenen en Menno Simons
  5. Koarte beredenearre bibliografy

Nei de ynlieding wurdt dan in blomlêzing út it Fûnemintboek sels yn ôfleveringen publisearre, hieltyd foarsjoen fan in ynlieding.

  1. Bibelsitaten, Ynhâld en Foaropwurd
  2. Ut Haadstik 1. De tiid fan genede
  3. Ut Haadstik 2. It wiere boetedwaan
  4. Ut Haadstik 3. It leauwe
  5. Ut Haadstik 4. De doop
  6. Ut Haadstik 5. It nachtmiel
  7. Ut Haadstik 6. It mijen fan de wrâld
  8. Ut Haadstik 7. Fermoanningen ta beslút
  9. Tebeksjen op Menno Simons, it Fûnemintboek

Takomme snein fierder.

augustus 29, 2021 09:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe augustus 29, 13:23

    ‘Frijsinnichheid’ yn 1539? Benijd…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.