Ekstra optreden Robert Jan Stips ‘Solo’ op snein 12 septimber 2021

augustus 28, 2021 10:23

Op sneontejûn 11 septimber (útferkocht) en sneintemiddei 12 septimber stiet muzikant Robert Jan Stips opnij op ’e Wier yn Koarnjum. Hy sil in solokonsert yn de Niklaastsjerke jaan.

Robert Jan Stips (foto: Bob de Boer Photography)

Yn ’e santiger jierren fuortdaliks raak mei Supersister, toere troch de Feriene Steaten mei Golden Earring, it dak fan Nederlân derôf mei Sweet d’Buster, produsearje fan de suksessen fan Gruppo Sportivo, knipperljocht-gearwurking mei Freek de Jonge en… al fjirtich jier troch Europa toere mei de Nits! Dat is yn it koart eins it hiele muzikale ferhaal fan de Haachske popmuzikant, arranzjeur en produsint Robert Jan Stips (1950).

Doe’t de band Supersister (‘She was naked’) yn 1974 útinoar foel, waard Stips fuortdaliks frege troch Golden Earring om as toetsenist mei te dwaan. Hy spile op twa albums mei: Switch en To the Hilt. Mei Bertus Borgers (saksofonist) formearre er de legendaryske band Sweet d’Buster. Dy groep makke twa elpees: Sweet d‘Buster en Friction.

Soloprojekten folgen, muzyk foar telefyzjesearjes, gearwurkingen mei û.o. Freek de Jonge en Bart Chabot. Yn 2003 foege Stips him wer by de Nits, foar harren jubileumtoernee ta gelegenheid fan it tritichjierrich bestean fan de groep. Hy wurke mei oan it album 1974. Yn 2017 brocht The Nits in nij album út: Angst en in suksesfolle toernee troch Europa en Nederlân folge. Yn 2019 folge it album Knot.

In bysûnder muzikaal projekt: yn 2005 begûn er mei ynsidintele solo-optredens. Hy spilet dan in kar út syn mear as 300 nûmers omfetsjende repertoire. Yn 2019 wie in fraaie dokumintêre oer him te sjen yn it telefyzjeprogramma Het Uur van de Wolf mei de titel ‘De tovenaar van de Nederpop’. Dêryn û.o. ek in protte omtinken foar syn nije Supersister Project 2019.

Op ’e jûn en middei yn de Niklaastsjerke yn Koarnjum spilet, sjongt en fertelt muzikale tûzenpoat Robert Jan Stips oan ’e piano oer syn wiidweidige muzykkarriêre yn de Nederlânske popmuzyk.

Ofbylding: Bob de Boer Produkties

Aardich detail: De besiker fan it solokonsert kin alfêst fersyknûmers oanfreegje fia info@stips.net of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com.

Robert Jan Stips Solo @ Niklaastsjerke – Koarnjum
De Wier 7
9056 PM Koarnjum

Sneontejûn 11 septimber 2021 – oanfang 20.00 oere, doar iepen 19.30 oere – útferkocht!
Sneintemiddei 12 septimber 2021 – oanfang 15.00 oere, doar iepen 14.30 oere – ekstra konsert!

Yntree €19,- de persoan, kofje/tee (foar oanfang) en lekkere nútsjes ynbegrepen. Tagong allinnich nei reservearjen op telefoannûmer 06 – 54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com. Annulearje is mooglik, mar dan wol trije dagen foar oanfang fan it evenemint.

augustus 28, 2021 10:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.