Einpresintaasje Inge Meijer yn Keunsthûs SYB

augustus 10, 2021 08:45

Fan ’t simmer wie Inge Meijer te gast yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach. Hja wurke yn har residinsje oan Community Garden. Yn dat projekt wurke se gear mei in groep frijwilligers fan de tropyske kas.

Boarne: Keunsthûs SYB

Har begjinpunt wie it wurk fan Duván Antionio Ramírez dy’t op it dak fan syn hûs planten kweekt en dy op syn auto ferfiert. De soarch foar planten is sawol yn it wurk fan de frijwilligers as fan Ramírez in ferbinende faktor. Meijer ûndersocht dy relaasje en fertaalde dy nei har eigen auto: in objekt dat faak net folle ferbining mei de omjouwing toant. Hja wurke oan in film dêr’t de auto ûnderdiel fan it lânskip yn wurdt.

Op snein 15 augustus, fan 15.00 oere ôf fertelt se mear oer har projekt en film yn Keunsthûs SYB. Hja hat foar de presintaasje byldzjend keunstner en túnfantast PJ Roggeband útnûge.

Wa’t der no snein by wêze wol wurdt frege om dat witte te litten troch in mail te stjoeren nei info@kunsthuissyb.nl.

Lês mear oer Inge Meijer en Community Garden.

augustus 10, 2021 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.