Easy Rider (ferhaal)

augustus 14, 2021 06:38

Easy Rider

Sûnt Geart in 45-km-weintsje oanskaft hie lei de wrâld foar him iepen. Der is neat mis mei him, mar om it echte rydbewiis te heljen wie foar Geart justjes in brêge te fier. Nei 265 lessen en nei alve kear eksamen en likefolle kearen sakjen lei er de holle yn ’e skurte. Neffens Tom, Geart syn sweager, hie er foar it jild dat er deroan spandearre hie, wol in slach om ’e wrâld meitsje kinnen en ek wol werom. Mar Geart wie fan betinken dat it foar him in moaie ferdivedaasje west hie en dat er yn dy twa jier mear kilometers makke hie as de priveesjauffeur fan Willem Alexander. No koe er yn syn moai metallyk-blau autootsje oeral hinne stowe. Easy Rider stiet der, foar en efter, op it nûmerboerd.

Justermoarn wie ik efterhûs dwaande om de lêste rommel fan de ferbouwing wat op te rêden. En ynienen stapte Geart om ’e hoeke fan it hûs. Earm yn ’e mitella en oan it kin ta yn in neklace.
“Wat no jonge?” frege ik ferheard. Geart die syn ferhaal. Hy hie tongersdei in dei nei syn suster yn Stienwyk west en nei it jûnsbrochje wie er wer op hûs ta riden. Mar kaartlêzen hat nea syn sterkste punt west en om it koart te hâlden: nei fjouwer oeren omswalkjen stie er jûns om alve oere yn it sintrum fan Reahústerheide, en dat leit like fier fan Nije Leie ôf as Grins fan Ljouwert. Geart wie dermei oan. En doe makke er syn earste krúsjale flater. Midden yn ’e buorren, by in tsjerke, hong in groepke jongfolk wat om. Geart tocht, efkes de wei freegje, en stapte út. Hy rûn op it groepke ôf en soe fan wâl stekke.
“Hee, Verstappen”, sei in lang opslûpen fanke, “mei ’k in hantekening?” De rest lake.
Geart lake ek mar wat mei. Hy frege oft se him ek fertelle koene, hokker kant as er út moast om rjochting Dokkum te kommen.
“Jawol”, gniisde in keale holle, folpript mei piercings, “by Francorchamps rjochtút, dan op Monza oan en by Silverstone mar werris nei de wei freegje.”

In pear fan dy jongelju wiene stadichoan nei Geart syn racemeunster ta dangele. Hie Geart no mar wat mear fan de kultuer fan de hjoeddeiske jeugd ôfwitten, dan hie er miskien de situaasje better nei syn hân sette kinnen. Mar sosjale feardigens wie syn sterkste kant net. Hy begûn him op te winen en dat wurke by it jongfolk as in reade lape op in Spaanske bolle.

Efternei kin men jin ôffreegje oft it wol sa ferstannich wie fan Geart om yn dy broeierige sfear yn syn bolide te stappen, mar wat wit in goede siel as Geart, dy’t altiten op ’e tiid de hier betellet en eltse woansdeitejûn om healwei tsienen de grize kontener bûten set, no fan de libbenskultuer fan de hjoeddeiske Facebook- en Twitter-generaasje ôf? Neat dochs? En sa makke er syn twadde flater. Geart stapte breinroer yn syn 45-km-weintsje.

En as wie it organisearre, ynienen stiene der wol tolve opslûpen pubers om it weintsje hinne. Se treauwen it autootsje mei Geart deryn stilswijend nei de hoeke fan it plein dêr’t de muzyktinte stie. Men koe oan de meneuvels fan Geart sjen dat er noch besocht hie om de doar iepen te krijen en nei bûten te kommen, mar dat slagge net. Se wiene mei te folle.

En doe hawwe se it hiele spul minskemachtich omheech tild en op de betonnen flier fan de muzyktinte kipere. It spul kaam op ’e kop telâne en dêrtroch rekke Geart sa frjemd bekneld, dat hy koe gjin kant út. Hy hat noch in protte lok hân dat de bestjoerder fan de betide Arrivabus fan moarns fiif oere it swikje lizzen seach.

Dy hat daliks alarm slein, en de plysje hat Geart út syn benearjende posysje befrijd. In gemeente-auto mei in kraantsje hat it weintsje wer op syn fjouwer bantsjes set. It wie swier skansearre. Geart waard nei in besite oan de pleatslike dokter, dy’t it dúdlik net noaske dat er sa betiid fan ’t bêd belle waard, troch in taksi nei hûs brocht. De oare deis stie it hiele trelit yn ’e krante. Neffens Geart hie de plysje it foarfal heech opnommen en wiene se fanatyk op syk nei de dieders.

Ik hie mei him te dwaan en eamele wat oer dy rotjeugd fan hjoed-de-dei, mar Geart naam alles nochal rêstich op. Hy hie al wer in nij weintsje útsocht en dat soe nije wike al wer by him thúsbrocht wurde.

In wike letter stoode Geart yn syn nij autoke by ús foarhûs lâns. Hy toetere en seach like grutsk as in jonkje fan seis yn syn traapkarre. Metalyk-blau wie net mear te krijen. It weintsje wie no Ferarri-read. En hy komt no net fierder as Stiens of Dokkum. Dat hat er syn broer en suster tasizze moatten. Mei twa fingers yn ’e loft hat er dat plechtich dien. Hiel ferstannich fan Geart. Op ’e nûmerbuorden stiet no Geardy up go.

Inne Bilker

 

augustus 14, 2021 06:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.