Earste twakamp om wrâldtitel Frysk Damjen Walinga-Groenveld 10-22 augustus

augustus 11, 2021 08:24

Skiep hellet de daam net

Harns, 10 augustus 2021 – By de iepening fan ’e twakamp om de twadde wrâldtitel Frysk Damjen hat Marten Walinga wyt lotte tsjin Folkert Groenveld. It earste spul wurdt dus: Walinga – Groenveld; dêrnei wikselje de kleuren. Liuwe Westra, skriuwer fan de stifting WFD, joech op boartlike wize lieding oan ’e lotting: beide fitrianen moasten in sifer tusken 0 en 51 opskriuwe en yn in kefert dwaan; dêrnei waard ien nûmerke lutsen út 50 bingonûmerkes.

Iepeningsstunt (foto: Herbert Tulleken / Stifting WFD)

Nei in petear mei de parse waard der in priuwke fan ’e twakamp jûn by Het Brouwdok. Op in boerd dat opboud wie út pallets fan 90 by 125 sintimer spilen de beide mannen mei fiif wite plestyk skiep (dy’t net al te fleurich út ’e eagen seagen) en fiif kleurige plestyk ponnys.

Dit spultsje FRYSK! waard oertsjûgjend wûn troch Folkert Groenveld, dy’t syn ponnys op ûnneifolchbere wize oer de pallets fjouwerje liet, dat de earme skiep krigen gjin kâns en besyl de daam.

Walinga iepen mei 46-41 en spile syn skiepke nei de midden. Syn tsjinstanner hie it better besjoen. Groenveld helle in wolf, troch twa ponnys boppe opinoar te pleatsen. Mei twa ponnys ûnder de earm moast er dêrnei it hiele ein nei de oare kant fan it boerd om Walinga syn skiep yn it sicht fan ’e haven fêst te setten. In moai begjin foar Groenveld, dat him betrouwen jout yn it ferrin fan ’e twakamp, sa ornearre er.

FRYSK! is it Frysk damjen mei elkmis fiif stikken, dat noch gâns spilers ferrifelet en net automatysk kamp wurdt.

Grutmaster Hans Jansen sil by de earste fiif spullen kommentaar jaan fia de livestream op ’e eigen webside www.frisiandraughts.com (knop: live) fan ’e Stifting WFD; ien en oar is ek te folgjen op it platfoarm www.lidraughts.org.

De earste partij is op woansdei 11 augustus om 14.00 oere. Alle partijen wurde yn it stedhûs yn Harns spile.

augustus 11, 2021 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.