Earste kear kamp yn duel om wrâldtitel Frysk damjen
Resint ferskynd
Harns, tiisdei 17 augustus 2021
Nei fiif kear in 1-0 yn ’e WK-twakamp Walinga-Groenveld hiene wy hjoed de earste kear kamp. Dat hie wol oars kinnen. Folkert Groenveld hat de winst lang yn ’e hannen hân.
Nei de iepening kaam Walinga rillegau mei in Jehova-set dy’t net koe, en efkes letter moast er in houtsje priisjaan. Neffens Jelle Wiersma, kommentator by dit spul en mearfâldich Frysk kampioen, hie de winst by normaal spul no foar it opkrijen lein. Hoe dan ek is skiifwinst ornaris winnend. Mar Walinga spile troch, terjochte, want yn it Frysk Damjen binne der altyd noch gâns kombinaasjemooglikheden.
Doe’t de tiid wat krap begûn te wurden (5 minuten op ’e klok) miende Groenveld dat er it maklik útmeitsje koe, mar hy makke in krúsjale flater troch fan ’e kant te spyljen mei 36-31 op ’e 44ste set. Dêr wie syn hiele foardiel yn ien kear mei wei. No koe Walinga kamp meitsje, en dy stiet dus mei 4½-1½ foar. Dêr hat er de bêste kâns om de twakamp op syn namme te skriuwen, want hy hoecht noch mar 1½ punt om de titel te prolongearjen. Hie Groenveld wûn, dat hie it lân der hiel oars hinne lein. No hat Folkert Groenveld noch mar fiif partijen om 3 punten yn te heljen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje