Earste folweardige edysje ‘Wanderlöss’ op 2 en 3 oktober

augustus 30, 2021 08:48

De earste edysje fan it festival Wanderlöss sil wêze op 2 en 3 oktober oansteande. Kuierje yn it moaie heuvellân fan Súd-Limburch by keunst, literatuer en muzyk lâns.

Súd-Limburch (foto: pixabay.com)

De organisaasje is bliid dat dy, nei it moannen ôfkoertsen op ferskate senario’s, de earste edysje fan it festival oan it publyk presintearje mei. Fansels binnen de stelde regels. Dus foar op syn meast 750 besikers, op fertoan fan in jildich tagongsbewiis en mei losse kaartferkeap by it festival.

De muzykprogrammearing rjochet him mei Spinvis en AHJ Dautzenberg op wurdearre en fêstige nammen, mar it binne foaral de nijkommers dy’t it earste Wanderlöss-affysje kleurje. Sa bygelyks spilet de Britske band The Goa Express ien fan syn earste sjo’s yn Nederlân, spilet Pink Oculus nij wurk en wurdt The Haunted Youth as ien fan de grutste Belgyske revelaasjes presintearre. Njonken muzyk is der ek romte foar literatuer en keunst fan ûnder oare Jaap Scheeren en Hanneke Hendrix. It folsleine programma wurdt meikoarten bekend makke.

Alle nammen dy’t no oankundige binne:
Spinvis – The Goa Express – Pink Oculus – The Haunted Youth – AHJ Dautzenberg – Hanneke Hendrix – Robin Kester – Sarah Neutkens – Bas & Niek (Afterpartees) – Gerbrand Bakker – Jaap Scheeren – St Paul’s Popquiz.

Praktyske ynformaasje
Wanderlöss
2 en 3 oktober 2021
Gulpen Wittem, Súd-Limburch

De kaartferkeap sette ôfrûne freed útein. Kaarten foar de sneon kostje € 42,50. Foar kaarten op de snein betellet men € 29,50. Alle ynformaasje is te finen op www.wanderloss.nl.

augustus 30, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.