Earste besykjen om stienmeunsters op Mars te sammeljen mislearre
Resint ferskynd
It earste besykjen fan Marsrover Perseverance om in stienmeunster te sammeljen is net slagge. De robotwein hie in stik stien útboarje moatten en it grús opfange yn in buiske, mar weromstjoerde gegevens lykje derop te wizen dat der neat yn it buiske telâne kommen is, berjochtet NASA.
Perseverance hat as taak ûndersyk te dwaan nei spoaren fan mooglik earder libben yn ’e krater Jezero, en sil dêrnjonken grûn- en stienmeunsters sammelje. Dy moatte oer in jiermannich ophelle wurde troch in oare rover dy’t troch de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA boud wurdt. Uteinlik moat in Europeeske sonde de meunsters nei de ierde bringe.
It sammeljen fan it earste meunster is dus mislearre, mar it Marskarke hat noch 42 buiskes oer om it wer mei te besykjen. De bedoeling is om úteinlik op syn minst tweintich meunsters te sammeljen. NASA-manager Thomas Zurbruchen seit betrouwen te hawwen yn de ploech minsken dy’t útsiket wêr’t it misgien is. It sammenljen fan de meunsters is in proses dat de rover folslein selsstannich útfiert. Mei nije bylden fan it boargat hopet de ploech better te begripen wat der misgie.
Foar’t Perseverance mei it boarjen úteinsette, hie NASA al oankundige dat de rover yn de krater mooglik ien fan de âldste stienmeunsters fûn hie. Wittenskippers wiene der optein oer, om’t it mooglik om in ôfsetting fan in eardere mar giet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje