Duorsum ynspeksjeskip offisjeel doopt

augustus 26, 2021 12:53

Foto © Provinsje Fryslân

Mei it stikken goaien fan in flesse sjampanje tsjin de romp doopte deputearre Avine Fokkens-Kelder fan ’e wike tiisdei yn Frjentsjer de nije PW10. “De noeden oer it klimaat hawwe har dizze simmer opheape. Fryslân giet al jierren foar duorsumens en sirkulariteit. Us kar foar dit ynspeksjeskip lit sjen dat wy it net by wurden litte”, sei frou Fokkens-Kelder. Sûnt juster fart it skip troch Fryslân foar ynspeksje, hanthavening en begelieding fan skipfeart.

De PW10 is in folslein elektrysk skip mei in lingte fan goed 15 meter. It fart CO2-neutraal troch elektryske oandriuwing. De akku’s wurde nachts mei griene stroom byladen. Dêrneist sitte der tsien sinnepanielen op it dak fan de stjoerhutte. It skip is geskikt om mooglik yn de takomst op wetterstofoandriuwing oer te skeakeljen.

Duorsume ynrjochting
In waarmtepomp regelet it klimaat yn de stjoerhutte. Der wurdt sels gebrûk makke fan wetterwaarmte; dêr wurdt it skip by ferwaarme of kuolle troch it brûken fan waarmte c.q. kjeld út it oerflaktewetter. Twa enerzjybufferfetten binne goed foar de opslach fan it ferwaarme wetter. De tapaste materialen binne safolle mooglik op basis fan duorsumens selektearre. Der is keazen foar in kasko fan stiel, omdat dat in legere CO2-fuotprint hat as de alternativen lykas aluminium. Foar it liedingwurk is keunststof tapast dat opnij te brûken is. It ynterieur en de flierren binne ôftimmere mei de tige fluch groeiende gerssoarte bamboe. Foar de beklaaiïng binne ekologyske materialen brûkt en foar it plafond opnij brûkt plestik fan petflessen.

Frysk produkt
De provinsje Fryslân set de PW10 yn by wettersporteveneminten, by kalamiteiten en foar ynspeksje, hanthavening en begelieding fan skipfeart. It ûntwerp fan it nije skip is troch Vripack yn Snits makke. Skipswerf Talsma yn Frjentsjer hat it skip yn ’e mande mei in tal Fryske ûnderoannimmers boud. “As skipswerf binne wy tige grutsk op dit prachtige skip. Wy litte sjen dat wy as Fryske skipsbouwers ús kennis en ûnderfining brûke kinne om sokke duorsume skippen no en yn ’e takomst te bouwen”, neffens Gerard Cnossen fan Skipswerf Talsma.

augustus 26, 2021 12:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.