Duorsum alternatyf foar glazuer fan Koreaanske ûntwerper Yoon Seok-hyeon yn Prinsessehof

augustus 27, 2021 08:45

Yoon Seok-hyeon (foto: Ronald Smits)

Fan ’t hjerst presintearret Keramykmuseum Prinsessehof in ûntwerpútstalling mei wurk fan Yoon Seok-hyeon (Súd-Korea, 1992). Glazuere keramyk is trochgeans net opnij brûkber en einiget meastal op it stoart. Yoon stjitte yn syn syktocht nei in duorsum alternatyf foar it fergiftige glazuer op in oerâlde technyk út syn bertelân: ‘ott’.

It hars út de lakbeam wurdt yn Korea tradisjoneel brûkt om houten brûksfoarwerpen mei te lakken. De Súd-Koreaanske ûntwerper past de technyk (ek wol ottchil neamd) op keramyk ta. Yn syn solo-eksposysje yn it nasjonaal Keramykmuseum yn Ljouwert lit er syn ott-lakte kûmen, fazen en skûtels sjen en kriget de besiker in ynkyk yn syn sirkulêre wurkproses. De foarwerpen krije troch it natuerlike lakproses in oranje/kofjebrune glâns.

De ott-searje fan Yoon Seok-hyeon is fan 16 oktober o/m 30 oktober 2022 te sjen. It museum makket ek in koarte film oer Yoon Seok-hyeon en syn wurkproses, fan 16 oktober ôf te sjen yn de eksposysje en op de online kanalen fan it Prinsessehof.

Ott-technyk (foto: Ronald Smits)

Koreäjier yn it Prinsessehof
It Prinsessehof stiet yn it teken fan Súd-Koreä. De grutte hjerstútstalling KOREÄ, poarte nei in ryk ferline, te sjen fan 16 oktober 2021 o/m 21 augustus 2022, laat de besiker nei it rike ferline en de iuwenâlde kultuer fan Koreä oan ’e hân fan tema’s as ytkultuer, skjintme-idealen en rituelen. Ofwikseljend tusken it betsjoenjende seladon út de Goryo-dynasty (918-1392), suver wyt porslein út de Joseon-rite (1392-1897), muzykynstruminten en kostúms, litte hjoeddeiske keunstners Yee Sookyung (1963), Juree Kim (1980) en Kyong-Jin Cho (1987) sjen dat keramyk noch hieltyd in wichtige rol spilet yn it Súd-Koreä fan no.

Spesjaal foar de útstalling komme topstikken út it National Museum of Korea yn Seoul nei Ljouwert. Dy foarwerpen binne foar it earst yn Nederlân te sjen. Foar it ta stân kommen fan de nije eksposysje wurket it Prinsessehof mei in klankboerdroep dy’t bestiet út Nederlânske Koreänen en Koreä-spesjalisten. Keunstner Meekyoung Shin (Súd-Korea, 1967) lit fan 27 novimber ôf wurk sjen yn in nije EKWC@Prinsessehof-útstalling. It Koreäjier yn it Prinsessehof markearret ek in moaie oanlieding om it sechtichjierrich bestean fan hannelsrelaasjes tusken Nederlân en Súd-Koreä te fieren.

augustus 27, 2021 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.