Dichter fan Fryslân en Cohda Kwartet fluitsjend troch Fryslân

augustus 12, 2021 08:25

Yn it wykein fan 28 en 29 augustus reizgje Nyk de Vries en it Cohda Kwartet by de Fryske alve stêden del mei in bysûnder programma fan muzyk en poëzy: ‘Fluitsjend troch Fryslân’. De fjouwer blokfluitisten en de Dichter fan Fryslân sette op sneontemoarn om 10.00 oere útein yn teater De Bres yn Ljouwert. Fia bysûndere lokaasjes lykas it Museum Houtstad-IJlst, it ekspedysjeskip fan Willem Barentsz yn Harns en Museum Martena yn Frjentsjer, einiget it selskip syn toer sneintejûn yn Dokkum.

Foto: Lia Goené

De konserten duorje hieltyd trije kertier. Nyk de Vries sil foardrage út syn wurk as Dichter fan Fryslân. It Cohda Kwartet bringt in ôfwikseljend programma mei wurk fan û.o. Bach, Vivaldi en William Byrd. It hiele programma is hjirûnder te finen. Kaarten binne te bestellen fia: www.klassiekemuziek.nl/p/15166/cohda-kwartet-en-nyk-de-vries-fluitend-door-friesland.

LJOUWERT – sneon 28 augustus, 10:00 oere
SNITS – sneon 28 augustus 12:15 oere
DRYLTS – sneon 28 augustus 14:00 oere
SLEAT – sneon 28 augustus 16:00 oere
STARUM – sneon 28 augustus, 18:00 oere
HYLPEN – sneon 28 augustus, 20:00 oere
WARKUM – snein 29 augustus, 10:00 oere
BOALSERT – snein 29 augustus 11:45 oere
HARNS – snein 29 augustus 13:45 oere
FRJENTSJER – snein 29 augustus 15:45 oere
DOKKUM – snein 29 augustus, 20:00 oere
Mear ynfo is te finen fia: www.cohdakwartet.com/elfstedentocht.html.
augustus 12, 2021 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.