Deaden by oerstreamingen Tennessee

augustus 23, 2021 09:01

It deadetal fan de oerstreamingen yn de Amerikaanske steat Tennessee is oprûn ta 22. Tsientallen minsken wurde noch mist. Helptsjinsten sykje ûnderstrûpte wenten en pún troch, nei’t in ûnbidich soad rein yn ’e midden fan de steat foar oerstreamingen soarge.

Foto: morguefile.com

Ofrûne sneon waarden diken en telefoanlinen yn bûtengebieten ferrinnewearre troch it natuergeweld. Yn minder as 24 oeren foel yn Humphreys County 43,2 sintimeter rein, in rekôr foar de steat. It foarige út 1982 stie op 34,5 sintimeter rein op in dei. In protte miste persoanen komme út gebieten dêr’t it wetter it hurdst stige.

Yn it noardeasten fan de Feriene Steaten hat de tropyske stoarm Henri ûnderwilens ek skea oanrjochte. De stoarm kaam juster oan lân yn de steat Rhode Island. Dêr, en yn steaten lykas New York en Massachusetts, hat it reinwetter oerstreamingen feroarsake. Mear as hûnderttûzen minsken sitte sûnder stroom. Presidint Biden hat federale stipe oan de dupearre minsken tasein. Yn New York foel juster seker 5,69 sintimeter rein, in rekôr. It foarige (4,7 sintimeter) datearre út 1994.

Underwilens is Henri ôfswakke ta in tropyske depresje. De kommende nacht lûkt Henri nei it easten yn ’e rjochting fan de Atlantyske Oseaan.

augustus 23, 2021 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.