De traanjagers

augustus 8, 2021 19:16

De traanjagers is de titel fan it boek fan Anne-Goaitske Breteler út 2018, dat giet oer de nei-oarlochske walfiskfeart mei de Willem Barentsz yn it Súdpoalgebiet.

Op dit stuit is der yn it Skipfeartmusem yn Snits in nijsgjirrige útstalling ûnder de titel ‘Bloed, zweet en walvistranen’ oer de walfiskfangst fan 1612 ôf. Foar de Twadde Wrâldoarloch benammen yn it noardlike poalgebiet om Spitsbergen hinne en letter oant 1964 by de Súdlike Iissee.

De earste reizen nei Spitsbergen ta wiene mei kaptein Klaas Visser fan Skiermûntseach, folge troch oaren fansels. Sels Michiel de Ruyter hat dêr fisken fongen.

Beide, sawol it boek as de útstalling, jouwe tegearre in goed byld fan it hurde bestean foar de bemanning yn dy tiid dêr yn de poalseeën. Der waard benammen om ekonomyske redenen jage, dat fanwege de traan dy’t út de ûnderhûdske blubber helle waard en fierder om it fleis en om it blein út de bek.

De traan waard ek wol it floeibere goud neamd. Dy waard brûkt as lampe-oalje en letter foar margarine en medisinen. Der wie eartiids in skrinend tekoart oan en ferlet fan fetten.

Soms waarden der wol mear as sântich fisken op ien dei oan board helle nei earst in landuerige striid yn in wetter. Al gau wie it dek in mingsel fan stank en bloed. De wurkers wiene oan de ein fan de dei dea-ynein. En sa’n reis duorre moannen lang, wol sawat in jier, mar it fertsjinne wol goed.

Foto © MV

Yn it boek wurde in soad oantinkens beskreaun fan de farders oer de sfear, it wurk, it libben en de ûngemakken oan board, mar ek de kammeraatskip en de noflike tuskenstoppen yn de Antillen en Kaapstad. Mar ek de lange tiid fan hûs wie net foar elkenien maklik.

Yn de sechstiger jierren ûntstie yn ús lân it saneamde kritysk tinken fan minsken oer alderhande saken yn de maatskippij. Sadwaande ûnstie ek de oergong en ferskowing fan it byld fan de minsken, yn dat gefal fan helden nei bistebeulen. Lang om let is ûnder dy druk de fangst yn in grut part fan de wrâld opholden, mei útsûndering fan Japan.

De presintaasje yn it museum lit ek wat mear sjen oer de eftergrûnen mei tekst, skilderijen en in film en foar bern is der in aparte edukative romte.

Koartsein, in nijsgjirrige útstalling, dêr’t men fansels it boek ek keapje kin.
De útstalling duorret oant en mei 5 septimber.

Matthijs Verkuijl

Foto © MV

augustus 8, 2021 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.