De Broeikas 2021 makket twadde helte programma bekend
Resint ferskynd
Op sneon 11 septimber organisearret keunstkollektyf SELF. collective de tredde edysje fan De Broeikas yn de Westertsjerke yn Ljouwert. It multydissiplinêre keunstfestival is fergees tagonglik en stelt jonge makkers út it noarden sintraal. De Broeikas lit sjen wat der broeit ûnder de nije lichting keunstners, muzikanten, teatermakkers, skriuwers en artysten fan it sprutsen wurd. Op freed 13 augustus kundige de festivalorganisaasje de twadde helte fan it programma oan mei makkers út trije dissiplines.
Muzyk
Willie Darktrousers
Muzikant, sjonger, yllustrator en performancekeunstner út Donkerbroek mei in tsjuster gefoel foar humor.
Rommy Gabay
Jonge sjongeres út Grins mei in hearlike miks fan soul, pop, jazz en hiphop fan de âlde skoalle.
Nomi $hanya
R&B produsint en sjonger-ferskesskriuwer mei in ingelestim.
Teater
OFFlife
In koarte útfiering oer ús digitale identiteit.
Symbiotic Cell Division
In spul op it grinsgebiet tusken komfort en ûngemak, troch Nina Iggy en Jos Jacob.
Film
Crooked Cowboy
Byldmakker Hannes Schievink ûndersiket de lytse minsklike ûnderfining yn relaasje ta de grutte universele realiteit yn in koarte film.
Earder waarden al oankundige: The Homesick, Johnny loves me, LIMBUS, I Sat Above And Below The Ground, NOAHspeelt en MIST. Sjoch ek dit berjocht.
Mear ynformaasje oer de makkers en it reservearringssysteem fan De Broeikas ferskynt yn de kommende wiken op de Facebook– en Instagramside fan De Broeikas. Foarôfgeand oan it festival wurde de lêste twa nammen út it programma noch bekend makke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje