Bûsboekje 2022 no te keap!

augustus 21, 2021 21:39

It tema fan it Fryske Bûsboekje foar takom jier is: Diel de romte.

De redaksje keas dat tema mei in knypeach nei de oardel meter (koroana), mar ek mei it each op it Fryske plattelân dêr’t wy sunich op wêze moatte soene. Yn it nije Bûsboekje stiet in breed ferskaat oan perspektiven op ‘romte’. Sa is der sawol in bydrage oer it Frijlân, dêr’t in lytse mienskip de romte dielt, as ien oer it hâlden fan in petear mei immen dêr’t men it folslein net mei lykfine kin. Der wurdt ek nei it ferkear sjoen: guon plakken yn Fryslân binne ‘shared space’. Dêr moatte auto’s, fytsers en kuierders de romte diele. Der binne boppedat gedichten opnommen dy’t passe by it tema: fan Tjits Peanstra (‘hûs fan stilte’) en fan Obe Postma (‘de stêd’). Dêrneist is der omtinken foar Arcadia, in grut program mei poadiumkeunsten fan 7 maaie oant 14 augustus 2022. Fierders stiet it Bûsboekje wer fol mei siswizen, in puzel en adressen fan Fryske organisaasjes.

It Bûsboekje wurdt al 47 jier makke troch in frijwilligersredaksje. Alle jierren wurde der rûnom yn Fryslân, sa’n 3000 stiks fan ferkocht. De priis is € 7,50.

Mear ynformaasje:

redaksje@busboekje.frl,

http://busboekje.frl/

en op Twitter: @Frysk_Busboekje

augustus 21, 2021 21:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.