Bouwe de Boer: Portugeeske krêft fan wetter

augustus 21, 2021 07:00

Kollum

It wie yn 2018 doe’t yn de Volkskrant in artikel stie oer Portugal. Yn maart fan dat jier waard foar it earst mear duorsume stroom wûn as dat der ferbrûkt waard. Sa’n berjocht is bysûnder. Dêr koe Nederlân yn ’e fierste fierte net oan tippe. No’t de frou en ik op it stuit in lytse fjouwer moanne frijwilligerswurk yn Portugal dogge, troch bemiddeling fan Workaway, is it fansels saak om út te sykjen hoe’t se dat dêr foarinoar krige hawwe. Portugal sit mei Sweden, Finlân, Denemarken, Letlân en Eastenryk yn de kopgroep.

Plattelân en sinnepanielen
Portugal is twa kear sa grut as Nederlân. Der wenje sa’n tsien miljoen minsken; trijekwart dêrfan wennet yn it kustgebied. Op it plattelân wenje dan ek hiel wat eigeners fan grutte perselen grûn. Sinnepanielen binne in seldsumheid op Portugeeske dakken. Oeral sjogge we moaie oranje dakpannen, mar gjin sinnepanielen. En dat wylst yn Nederlân al ien op de fiif huzen sokke panielen hat.

Wy binne op it stuit te gast by in Nederlânsk pear (sa’n fyftich kilometer fan Lissabon ôf), mei in terrein fan fjouwer hektare. Se wenje dêr al langer as tritich jier. Se hawwe twa Fryske hynders en wól sinnepanielen. Finansjeel kin it net út. Der bestiet dêr gjin fergoeding foar it weromleverjen fan stroom. Poere idealisme dus.
Koartlyn praten we mei Antonio, in gemeentemeiwurker, mei 23 hektare grûn yn eigendom. Hy hat in oanbod lizzen om syn lân mei sinnepanielen te bedekken. It is in ûnderdiel fan in inisjatyf om fyftjinhûndert hektare mei panielen te bedekken. Antonio sjocht dat wol sitten: it leveret de famylje 29 jier lang in behoarlik ynkomen op. Hy makkert gebrûk fan in oare regeling. Foar de ruten fan de ynwenners fan it doarp sjogge we lykwols protestposters hingjen. De lokale elektrisiteitssintrale by Sines, dy’t op stienkoal draait, is koartlyn al sletten.

De trúk
It docht bliken dat Portugal benammen duorsume enerzjy produsearret mei opslachmarren (wetterkrêft) en wynmûnen. Romte en bergen binne dus in grut foardiel. Der wurdt ús ferteld dat de Portugezen nei de krisis fan 2008 bot ynvestearre hawwe yn duorsume enerzjy, benammen yn ’e mande mei de Sinezen. De kommende twa kollums sille dus gean oer Portugal en de duorsume enerzjy. Wat kinne wy dêrfan leare?

Dit is nûmer 54 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
augustus 21, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.