Boekemerk yn Feanwâlden

augustus 17, 2021 15:55

Ynstjoerd

Takomme sneon, 21 augustus fan 10 oant 17 oere, wurdt yn Feanwâlden einlings wer de Theun de Vriesboekemerk organisearre. Dat sil wêze by de Skierstins, in prachtich gebou, it iennichst oerbleaune midsiuwsk toerkastiel. In moaier plak kin men jin oars net yntinke.

Hast alle jierren slagge it Jan Dantuma, de driuwende krêft fan dy dei, om in oantal standhâlders byinoar te krijen foar de ferkeap fan ferskate boeken. Fryske en Hollânske literatuer, mar ek reisferhalen en keunstboeken en foar samlers en lêzers dêrom in plak om te smikkeljen.

No, twahûndert jier neidat Waling Dykstra, ien fan de boumasters fan de Fryske taal, besocht om de Friezen yn harren memmetaal oan it lêzen te krijen, bliuwt dat foar de measte ynwenners fan ús provinsje dochs in grut probleem.

Op himsels wurdt it lêzen fan in boek dochs al hurd minder, mei troch de feroaringen yn de oerdracht fan ynformaasje en nijs.

Jan Dantuma, eigener fan Het-Vergeet-Me-Nietje, hat sintraal yn Feanwâlden syn winkel mei noch in soad boeken en aansichtkaarten. Aanst wurdt de winkel definityf sletten. Foar de leafhawwers fan boeken spitergenôch de safolste gelegenheid dy’t tichtgiet.

Hooplik komme der in soad minsken by de merk lâns en wurdt de niget yn âlde en nije Fryske boeken stadichoan grutter.

De waarfoarsizzing foar sneon liket geunstich

Matthijs Verkuijl

augustus 17, 2021 15:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.