Boek Menno Simons einliks yn it Frysk
Resint ferskynd
Taalwittenskipper dr. Eric Hoekstra (It Hearrenfean, 1960) ferdjippet him al fjouwer jier yn it kristendom, nei’t er by in bekearingsûnderfining oanrekke is troch Jezus Kristus. Yn 2018 ferskynde yn twa talen syn boek Roman fan in hielmaster/Roman van een geneesheer, in ferhaal oer it wurksume part fan it libben fan Jezus Kristus. De Fryske ferzje dêrfan is fan febrewaris 2018 oant febrewaris 2020 yn wyklikse ôfleveringen yntegraal op It Nijs publisearre.
Koartlyn hat Hoekstra de lêste hân lein oan de Fryske oersetting fan it saneamde Fûnemintboek fan de Fryske tsjerkeherfoarmer Menno Simons (Wytmarsum, ± 1496 – Bad Oldesloe (Dútsklân), 1561). Ut dat boek sille op It Nijs fragminten – ek wer yn wyklikse ôfleveringen – publisearre wurde, foarôfgien troch in ynlieding. Wy meitsje dêr hjoed in begjin mei. Sjoch de rubryk Opiny (Eric Hoekstra: By Menno Simons syn Fûnemintboek yn ôfleveringen | It Nijs).
Boek Menno Simons einliks yn it Frysk
Achte redaksje, dat einliks moat einlings wêze
Achte Klimstra,
Ja, dat soe ek kinne. Neffens it Frysk Hânwurdboek binne einlings, einlik, einliken en einliks synonimen faninoar. Dy steane ek allegearre yn de foarkarswurdlist. It moat dus net, mar it mei wol.
Redaksje