Bertedei fan Jan Mankes

augustus 16, 2021 09:15

Snein wie de bertedei fan keunstskilderJan Mankes (15 augustus 1889 – 23 april 1920). Syn widze stie yn Meppel, mar doe’t er tweintich jier wie ferhuze er mei syn famylje nei De Knipe yn Fryslân, dêr’t de lanlike omjouwing syn wichtichste ynspiraasjeboarne waard. Flakby it plak dêr’t no Museum Belvédère stiet, makke de jonge Mankes in protte ferstille, yntime wurken. Oant en mei 26 septimber te sjen yn de útstalling Jan Mankes – De bisten en de siel fan de dingen.

Wurk fan Jan Mankes (boarne: Museum Belvédère)

Boarne: Museum Belvédère

Yn ’e kolleksje fan Museum Belvédère leit de klam op wurken dy’t ûntstien binne yn de Fryske jierren (1909-1915), mar yn de útstalling binne ek brûklienen fan partikuliere samlers en oare musea opnommen. Keunstners Henk Helmantel (1945) en Christiaan Kuitwaard (1965) binne leafhawwers fan it wurk fan Jan Mankes en besiten de eksposysje. Filmmakker Albert Jensma folge harren op ’e foet: sjoch hjir mei harren mei.

Katalogus
By dizze útstalling is in ryk yllustrearre publikaasje ferskynd fan Maarten van Doremalen en Susan van den Berg. It boek telt tachtich siden, is hielendal yn kleur en kostet € 22,50.

augustus 16, 2021 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.