Benelux Tour kriget rits toppers oan ’e start

augustus 12, 2021 08:51

Oer in lytse trije wike, op moandei 30 augustus, set de Benelux Tour, de eardere BinckBank Tour, útein. It dielnimmersfjild begjint der al bysûnder fraai út te sjen. Opfallend is dat hiel wat toppers mei ambysje foar de striid om de wrâldtitel, ein septimber yn Flaanderen, kieze foar de Benelux Tour. Dy stiet as UCI WorldTour-wedstriid moai op de earelist en kin dit jier boppedat in mentale opstekker wêze mei it each op it WK, dêr’t de hurdfytsers ek in flandrienparkoers wachtet.

Foto: pixabay.com

De Benelux Tour, de iennige meardeiske UCI WorldTour-wedstriid yn België en Nederlân, is al jierren in ôfspraak foar hurdfytsers dy’t sterk binne yn it ‘klassike’ wurk. It parkoers fan de sândeiske omgong lient him dêr ek altyd ta: mei alle jierren opnij in stikmannich flinke aksidintearre ritten yn ’e Flaamske of Súd-Limburchske heuvels en de Belgyske Ardennen. Mar ek sprinters en tiidriders komme oan harren trekken.

Net ûnlogysk dan ek dat manlju mei reinbôgedreamen op de Benelux Tour skoare wolle. Mei Mathieu van der Poel, Tom Dumoulin en Mike Teunissen stean alfêst trije ambisjeuze Nederlanners oan ’e start. Foar de Belgyske bûnstrener, Sven Vanthourenhout, sil de Benelux Tour sels meibepalend wêze foar de lêste knopen dy’t by de WK-seleksje trochhakke wurde moatte. Jasper Stuyven, Greg Van Avermaet, Oliver Naesen, Tiesj Benoot, Philippe Gilbert en Tim Wellens sette de sinnen yn elts gefal al op de Benelux Tour. Dat jildt ek foar Marc Hirschi, Søren Kragh Andersen, Jakob Fuglsang, Alexey Lutsenko en Mads Pedersen: stik foar stik toppers dy’t it prinsipe ít of ien fan dé spearpunten fan it lân wurde sille op it WK.

De Benelux Tour start op moandei 30 augustus yn Surhústerfean en einiget op snein 5 septimber op de Vesten yn Geraardsbergen. Dêr skodde Mathieu van der Poel ferline jier in geweldige solo út de skonken dy’t him net inkeld de rit-, mar ek de einsege oplevere.

Ritteskema Benelux Tour:
Moandei 30 augustus: Surhústerfean – Dokkum
Tiisdei 31 augustus: Lelystêd (yndividuele tiidrit)
Woansdei 1 septimber: Essen – Hoogerheide
Tongersdei 2 septimber: Aalter – Ardooie
Freed 3 septimber: Riemst – Bilzen
Sneon 4 septimber: Ottignies-Louvain-la-Neuve – Houffalize
Snein 5 septimber: Namen – Geraardsbergen

 Meer ynformaasje: www.beneluxtour.eu.

augustus 12, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.