Anty-Fryske-klisjees-bingo

augustus 4, 2021 19:14

Falt it jo ek op dat der yn diskusjes oer de Fryske taal hieltiten deselde anty-Fryske klisjees brûkt wurde? Jo kinne dertsjin yngean of grammitich mei de hannen oerinoar yn in hoekje krûpe, mar dêr wurde jo op ‘t lêst neat wizer fan. Jo kinne der ek in spultsje fan meitsje, allinnich of mei oaren. Dan moatte jo ris sjen hoe’t de anty-Fryske diskusjedielnimmers reagearje as in spiler ynienen ‘Healwei!’ of sels ‘Bingo!’ ropt. En jo kinne der ek noch in priis oan oerhâlde.

Hjirûnder stiet in ôfbylding fan de bingokaart yn in lege resolúsje. In moaiere ferzje stiet yn it taheakke PDF-bestân. Dat kinne jo útdraaie en dan kinne jo fuort oan ‘e slach. In protte wille!

Klik hjir foar de PDF-ferzje.

augustus 4, 2021 19:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wim augustus 4, 19:35

    “we zijn onderdeel van Nederland” ha ik in soad sjoen doe it oer Frysktalige buorden gie.

    En seach ek in soad minsken (benammen oarspronklik fan bûten de provinsje) dy’t sizze: “het is een mooie taal en die moet bewaart worden, maaaar … En dan kin je faak wol san tegeltsje fan hjir boven plakke.
    Dy sjogge fansels leaver oeral Hollânsk mar ferwachtsje fan bûtenlanners wol dat dy Hollânsk leare.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.