Takomme snein wer ‘Frysk op Riis’

augustus 19, 2021 12:06

It muzykfestival Frysk op Riis, mei lieten yn it Frysk en de Fryske streektalen, kin – nei’t it foarich jier om de koroanagoarre oergie – dit jier wol wer trochgean, om’t it in lytsskalich evenemint is; allinnich wat letter yn de tiid. Tagong is wol ûnder betingsten: in bewiis fan faksinaasje foar koroana, in resinte negative testútslach of in ferklearring fan ferwin.

Dit is de wurklist:

13.30 Tún iepen
14.00 Jilt
15.00 Reizger
16.00 Gurbe & Band
17.00 Grytz & Grize
18.00 Jaap Louwes en de Losse Binde

Resinsjes fan de lêste kearen binne hjirre te lêzen:

2018

2019

Besjoch en beharkje hjirûnder in filmympresje fan de edysje yn 2018.

En sjoch foar eftergrûnynformaasje oer it festival de folgjende jefte fan it tydskrift DE NIJE, mei as tema ‘Muzyk’, dat yn septimber útkomt.

augustus 19, 2021 12:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.