Aldfaers Erfrûte

augustus 17, 2021 10:08

Toeristyske wink

Foto MV

Tusken Boalsert en Makkum, binnentroch, leit in rûte by lytse doarpen en buorskippen lâns. Op ûnderskate plakken dy’t it besjen wurdich binne en foar in part by it museum Aldfaers Erf yn Allingawier heare, binne bysûnderheden te sjen. Foarhinne gie de rûte troch Eksmoarra, Allingawier, Ferwâlde en úteinlik Piaam. Spitigernôch is de timmerwurkpleats yn Ferwâlde al in skoft sletten. It fûgelhûs yn Piaam is yn oare hannen kommen, mar noch wol iepen.

Sintraal leit it museum yn Allingawier mei alderhande gebouwen mei in útstalling fan iuwenâlde ambachten lykas in smidse, skuonmakkerij, brânwacht en in buorkerij mei sjeazen, strontkarkes, in tsiismakkerij, reauwen foar de risping en oare saken út de tiid fan oerpake en dy. Dêrnjonken ek in lytse skoalle mei it ferneamde boerd fan “aap-noot-mies”.

Foto © MV

Fansels ek noch in ympresje fan de wente fan doedestiids mei u.o. de húskeamer en it bedstee. Alderhande saken fan sa’n 100 oant 150 jier lyn, dy’t it tradisjonele libben útstalle.

By it museum is in terras dêr’t men terjochte kin foar in hapke en drankje. Foar de bern is der ek in boarterstún.

De rûte leit yn in moai stikje Fryslân en is benammen ek gaadlik foar fytsers en kuierders. Soms is de âlderwetske winkel yn Eksmoarre ek tagonklik. Iepen as de flagge hinget!

Koartsein, in stikje histoarje, lytsskalich útbylde en foar it meitsjen fan foto’s tige oantreklik.

Om earlik te wêzen, ús provinsje hat wol mear fan dit soarte fan iepenloftmuseumkes. Tink oan de Spitkeet yn De Harkema en de Sûkerei yn Damwâld. Allegear fisuele ynformaasje oer eartiids.

Matthijs Verkuijl

augustus 17, 2021 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.